Twa Friezen lykje wis fan sit yn Earste Keamer, hjoed mooglik noch in tredde

Twa Friezen lykje wis fan in sit yn de Earste Keamer. Mooglik komt dêr noch in tredde by: Auke van der Goot heart hjoed hoe heech oft er komt op de kandidatelist fan OPNL, de eardere Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF).
Hetty Janssen (nûmer 3 by de PvdA) en Tineke Huizinga (nûmer 1 ChristenUnie) hoege har net al te folle soargen te meitsjen, sy komme wol yn de Earste Keamer. De PvdA stiet yn de prognoazes op sân sitten, de ChristenUnie op twa.
De nije leden fan de Provinsjale Steaten yn de tolve provinsjes stimme op 30 maaie foar de leden fan de Earste Keamer. De Steateleden stimme yn de regel op in kandidaat fan har eigen partij.
Folchoarder OPNL-lijst
De regionale partijen dogge lykwols mei-elkoar mei as ien fraksje, de OPNL dus. Dat stiet foar Onafhankelijke Politiek Nederland. Dy fraksje fertsjintwurdiget bygelyks de FNP en Provinciaal Belang Fryslân, mar ek de Partij voor Zeeland en Sterk Lokaal Drenthe.
FNP'er Auke van der Goot is ien fan de seis kandidaten foar de OPNL, mar de folchoarder is noch net bekend. Dy is ûnder oare ôfhinklik fan de útslach fan de Steateferkiezingen. Kandidaten fan wa't de partij ôfrûne woansdei better skoarde yn de eigen provinsje, komme heger op de list te stean.

Op in gearkomste yn De Bilt bepale de regionale partijen hjoed wa't de listlûker wurdt en wat de folchoarder fierder wurdt. Van der Goot nimt it dêrby op tsjin Mark Faasse (Partij voor Zeeland), Henk Krol (Sterk Lokaal Flevoland), Ton Raven (Lokaal-Limburg), Jan-Jaap de Kloet en Jeffrey Leever (beiden Onafhankelijke Politiek Noord-Holland).
Kennis fan de regio's
Van der Goot tinkt dat syn sterke punt is dat er troch syn eardere wurk by it ministearje fan Ynlânske Saken in protte kennis hat fan wat der yn de ferskate provinsjes spilet. Hy komt út Huzum, mar wennet tsjintwurdich yn Grinslân. Hy krijt ek de stipe fan Groninger Belang. "En troch myn wurk ha ik ek in soad te krijen hân mei Limboarch, Noard-Brabân, Seelân. Dat binne foar ús ek belangrike regio's."
Hy wie net sels dejinge dy't mei it idee kaam om him kandidaat te stellen foar de Earste Keamer, fertelt er. "Ik tocht dat it miskien wol aardich wie as ik wat foar de FNP betsjutte koe. Doe fregen se my foar it senatorskip. Ik hie dêr noait oan tocht, mar ja: ik ken de Haachske wrâld, ik ken Brussel. Ik tink dat it goed by my past."
De fraksje fan OSF/OPNL hat sûnt 1995 ien sit yn de Earste Keamer. Dy waard ynfolle troch bygelyks FNP'ers Henk ten Hoeve en Gerben Gerbrandy. Op it stuit sit Ton Raven (Lokaal-Limburg) yn de senaat.
Hjoed heart Van der Goot dus hoe heech oft er op de list fan OPNL komt. As dat it earste plak wurdt, dan makket er in goede kâns om keazen te wurden foar de Earste Keamer.
Twa Friezen dy't wol wis binne, binne dus Hetty Janssen en Tineke Huizinga. Ek 'heale Fries' Caspar van den Berg fan de VVD komt op 'e nij yn de senaat. Hy stiet op plak acht en syn partij liket tsien sitten te krijen. Van den Berg wennet offisjeel yn Den Haag, mar reizget op en del nei syn 'twadde wenplak' Ljouwert, dêr't er lesjout op de Campus Fryslân.
Utslach noch net wis
De definitive útslach fan de Earste Keamerferkiezingen kin noch wol ôfwike fan de prognoaze. Somtiden is it foar Steateleden taktysker om op in oare partij te stimmen, om sa dy partij in restsit te jaan. Dêrom is it pas op 30 maaie dúdlik wat de ferdieling wurdt.

In Fries dy't krekt bûten de boat liket te fallen, is D66'er Peter van der Voort fan Boksum. Hy stiet as sânde op de list, mar D66 stiet yn de prognoaze op seis sitten. Dat soe betsjutte dat Van der Goot syn sit yn de Earste Keamer kwytrekket.
Foar Tineke Schokker (nûmer 7 fan it CDA) út Eastermar wurdt it ek dreech, want har partij liket op fiif sitten te einigjen. En Jos van de Vijver út Warkum, de nûmer fiif by JA21, rêdt it ek net op. JA21 krijt nei alle gedachten trije sitten.