Libertas rint tsjin earste nederlaach oan yn sealfuotbalduel tsjin ZVG/Cagemax

De sealfuotbalfroulju fan Libertas út Damwâld © Omrop Fryslân, Freark Wijma
De sealfuotbalsters fan Libertas út Damwâld rûnen freedtejûn tsjin harren earste nederlaach yn dizze kompetysje oan. Yn de thúswedstriid tsjin ZVG/Cagemax wie de ploech út Gorinchem de hiele wedstriid dúdlik better.
Yn de einfaze besocht coach Sees Bergman noch yn te gripen en wiksele hy keepster Laura Hummel yn foar in ekstra fjildspylster. Dat koe net foarkomme dat der úteinlik in 0-5 einstân op it skoareboerd kaam.