Aris Ljouwert moat thús belies jaan tsjin Spirou Charleroi út België

Aris Ljouwert hat freedtejûn de thúswedstriid tsjin Spirou út Charleroi mei 84-99 ferlern. It wie de twadde wedstriid fan Aris yn de Elite Gold, de kompetysje mei de fiif bêst spyljende ploegen út Nederlân en út België.
De basketballers út Ljouwert hiene it de hiele wedstriid dreech tsjin de Belgen. Nei twa kwarten stie it 47-59 yn it foardiel fan Spirou (earste kwart 23-33). Yn it tredde kwart like Aris it gat te tichtsjen, mar de Belgen wiene dochs sterker (70-82).
Ek yn it fjirde en lêste kwart slagge it Aris net om werom te kommen. De Ljouwerter basketballers steane no sande yn it klassemint fan de Elite Gold.