Appe mei Max liedt ta goede earste dei Nyck de Vries yn Jeddah

Nyck de Vries kin tefreden wêze mei syn prestaasjes by de earste trainingsdei op it Jeddah Corniche Circuit. De 28-jierrige hie as iennichste koereur noch nea op dit sirkwy riden, mar dêr wie net folle fan te fernimmen. De Vries bleau yn it kylwetter fan syn teamgenoat, al sil er sûnder mis graach fierder nei foaren ta stean wollen hawwe.
Nyck de Vries hopet yn Saûdy-Arabië better foar de dei te kommen as yn syn earste race yn Bachrein (14e). Dat sirkwy lei de AlphaTauri net. Omdat der oant hjoed ta allinnich op it Bahrain International Circuit riden is, hat it team noch gjin kompleet byld fan de sterke en swakke kanten fan de auto. "We witte net hoe goed ús AT04 op oare sirkwys prestearret", leit de Vries út oan de sammele parse foarôfgeand oan it racewykein.
Dêr binne dan ek de frije trainingen foar. Om de goede ôfstelling foar de auto te finen en yn it gefal fan de Twellingeaster om de baan kennen te learen. As reserverider fan Mercedes reizge er al twa kear ôf nei de Saûdyske havenstêd Jeddah, mar hy racete der noch nea.
Appen met Verstappen
Wat dogge je dan as Formule 1-koereur? Je bringe oeren efter de simulator troch om it sirkwy kennen te learen, je sjogge op F1TV kwalifikaasjes en races werom om te sjen wêr't er de auto posisjonearje moat en je appe yn dit gefal je maat foar advys.
Het circuit is indrukwekkend, erg snel en best gevaarlijk.
Max Verstappen en Nyck de Vries hawwe in goede bân en de koereur fan Twellingea is net ferjitten hoe yndrukwekkend oft de wrâldkampioen ûnderweis wie by de kwalifikaasje yn 2021. De Nederlanners hawwe wat appt. De Vries ken no de falkûlen. Tsjinoer de NOS seit er: "Het circuit is indrukwekkend, erg snel en best gevaarlijk."
Utdaagjend
Hjoed ûnderfûn er it sels. Yn de auto is de iennige manier om te ûnderfinen wêr't je risiko's nimme kinne en hoe't de auto leit. Dizze baan is net te ferlykjen mei Bachrein. It Corniche-sirkwy is nammentlik it langste en fluchste strjitsirkwy op de kalinder.

Mei nij asfalt, hege bochtesnelheid en lege banneslitaazje is it hiel útdaagjend. It soe yn teory ek better by de karakteristiken fan de AlphaTauri passe moatte. Mar de winsk is ek de heit fan de gedachten. It middenfjild sit nammentlik tige ticht opinoar.
Warskôgingsflagge
Yn de earste frije training klokte er de trettjinde tiid. Dêrmei wie er trije tsienden stadiger as teamgenoat Yuki Tsunoda. Yn de twadde training krige de AlphaTauri-koereur noch in warskôgingsflagge te sjen. Neat earnstichs hear: hy ried oer de wite line by it yngean fan de pitstrjitte en dat mei net.
Hy is oer twa sesjes sjoen de meast produktive rider fan de dei. De twadde slút er ôf as santjinde op 1,3 sekonde fan Max Verstappen, dy't de rapste tiid klokt. Syn teamgenoat is trettjinde, mar it ferskil tusken beiden is noch gjin twa tsienden. En dêr mei de Nederlanner bêst tefreden mei wêze.

"Het was mijn eerste keer dat ik hier in Jeddah op het circuit reed, het is leuk om te leren en snel om te rijden", seit De Vries. "Het is een uitdaging, maar ik rijd graag op dit circuit. Onze dag was productief. Het middenveld is gewoon super dichtbij, aangezien er maar een paar tienden zit tussen P11 (Lewis Hamilton, Mercedes) en P20 (Valtteri Bottas, Alfa Romeo)."
"We zullen dus moeten zien wat er morgen gebeurt. Het kan gemakkelijk de goede of de slechte kant opgaan. Daarom moeten we ervoor zorgen dat we op de top van ons kunnen zijn om het maximale eruit te halen voor de kwalificatie morgen."
Omstriden
Oer de besite oan Saûdy-Arabië wurdt trouwens ûngelyk tocht. Net allinnich fanwege de ynminging fan it lân yn de boargeroarloch yn Jemen, ek is der in hoop mis mei de minskerjochten yn it lân. De feilichheid fan it F1-sirkus is in wichtige kwestje.
Koereurs wiene foarich seizoen benaud foar harren feilichheid nei in raketoanfal flakby it sirkwy by in frije training. It wie in bizar byld fan racende auto's mei dêrachter de reekplommen fan in brânend oaljedepot. De koereurs tochten deroer om te staken, mar jild is macht en dus wurdt der ek dit jier wer gewoan racet.