Skoalpleinen yn Fryslân moatte griener wurde: "Gebruiken als buitenlokaal"

Reina Visser mei de bern © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De skoalpleinen yn Fryslân binne net grien genôch. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Instituut voor Natuurbeschermingseducatie. Fan alle provinsjes yn Nederlân stiet Fryslân op it njoggende plak.
It griene skoalplein fan basisskoalle De Wielen yn Ljouwert is oanlein mei subsydzje fan de gemeente. De skoalle en de gemeente wolle bern sa folle as mooglik mei de natuer yn kontakt bringe. De bern fan groep 8 krije de opdracht om oan de gong te gean mei de grienten.
"Jim meie allegear begjinne mei it omspitten fan de grûn", seit grientetúnspesjalist Reina Visser, wylst sy yn de midden fan de grientetún fan de skoalle stiet. Om har hinne stean ferskate grienten as boerekoal en sprútsjes yn de grûn.
Fryske skoalpleinen binne net grien genôch, seit it IVN
"Sy leare sa ticht by de natuer te stean", seit Visser. "As je yn de winkel boerekoal sjogge, dan leit it yn sa'n pak. De measte bern kenne dat dan wol, mar as ik mei in stronk de klasse yn rin, werkenne sy it net. Wy moatte mei ús allen leare dat iten út de natuer komt en dat it net samar wat is dat klearleit. Wy moatte der goed op passe."

Boerekoal knippe

"Ik fyn it altyd moai om bûten dwaande te wêzen", seit Rients fan groep 8, wylst hy de boerekoal oan it knippen is. "Dat moaie waar derby makket it hielendal ôf."
Net allinnich de bern binne entûsjast, mar ek direkteur Warner Tholen is bliid mei de tún. "De kinderen leren buiten veel meer dan in een boek. Naast dat het voor ontspanning zorgt, leren ze ook nog eens met materiaal omgaan. Ze werken met hun handen en die mensen hebben we in de toekomst nodig."
Der binne in soad foardielen oan griene skoalpleinen, dochs binne der noch net genôch yn Fryslân. In grien skoalplein is neffens it IVN foar 50 prosint fan it oerflak foar de natuer.

Plein as bûtenlokaal

"Het zou mooi zijn als er veel vergroend zou worden", seit direkteur Henriëtte Beukema fan it IVN. "Dat het plein als een buitenlokaal gebruikt kan worden. Nadeel is dat het heel duur kan zijn. Denk daarbij niet alleen aan de aanleg, maar ook in structureel onderhoud. Daarnaast moeten er vakmensen zijn, die weten wat ze doen in een tuin. Ook die kosten geld."
Dochs is der goed nijs foar skoalpleinen dy't fergriene wolle. Provinsje Fryslân en Sport Fryslân stelle 150.000 euro beskikber om pleinen te fergrienen. Dat wurdt ferdield yn fiif blokken fan 30.000 euro. "We twijfelen nog of we de pleinen kiezen via aanmelding of selectie, sowieso uit iedere windstreek één."