Tsien jier teäter fan Pier 21: folle sealen mei maatskiplike ûnderwerpen

Jubileum Pier 21 © Lucas Kemper
Teäterselskip Pier21 bestiet 10 jier. It begûn yn 2013 allegearre mei 'De Emigrant'. Yntusken hat it selskip fyftjin foarstellingen makke.
Der waard tongersdeitejûn wiidweidich stilstien by it jubileum yn teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer. Hjir wie presys tsien jier lyn de premjêre fan De Emigrant, it earste stik fan Pier 21. Oprjochter fan it teäterselskip David Lelieveld makke De Emigrant mei Freark Smink, Romke Toering en Theo Smedes. Mei 20.000 besikers wie dit it meast suksesfolle stik fan Pier 21 oant no ta.

Maatskiplike tema's

It stik giet dit jier yn reprize. It wurdt oanpast nei de aktualiteit en dit kear regissearre troch Jos Thie. Neffens Lelieveld is it tema allinnich mar aktueler wurden.
"Dat hat te krijen mei migraasje: minsken dy't út oare lannen komme en hjir harren paad fine moatte. Dat wie it ferhaal fan De Emigrant ek. Ik leau deryn om dit ferhaal no wer sjen te litten, om minsken it boeie te litten en deroer nei tinke te litten."
Pier 21 fiert 10-jierrich jubileum
Pier 21 pakt maatskiplike tema's by de kop en lûkt hjir faak folle sealen mei. 'Wat Soesto!' fan Freark Smink en Klaasje Postma is in portret fan in boer mei al syn wrakselingen, 'Bijke' giet oer iensumheid en bernefoarstelling 'Kanoet' giet oer waadfûgel de mients (yn it Nederlânsk de kanoet).
Freark Smink yn 'Wat Soesto!' © Jan Bensliman
Ek is Pier 21 inisjatyfnimmer fan Keti Koti yn Fryslân, de betinking fan de ôfskaffing fan de slavernij. Ynkoarten meitsje se ek in foarstelling oer dit ûnderwerp, dat Lelieveld oan it hert giet.
"Der binne minsken dy't hjir mei te krijen hawwe en hjir wenje. Hoe moai is it om dat fertelle te kinnen en it petear hjiroer mei elkoar oan te gean." It wurdt in dûns- en muzykfoarstelling, spile yn de tún fan it Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert.

"Tichtby ússels bliuwe"

Pier 21 is as profesjoneel selskip net mear wei te tinken út Fryslân. Se krije sûnt twa jier subsydzje fan de provinsje en meitsje sa ûnderdiel út fan de Fryske kulturele ynfrastruktuer.
Der is sûnt dy tiid ek in saaklik lieder, Maaike Beckers dy't dwaande is it selskip noch fierder te profesjonalisearjen. "Grutste útdaging is om tichtby ússels te bliuwen. Us krêft is dat we lyts binne en hiel fluch ynspylje kinne op saken dy't hjir spylje en dat moatte we sa hâlde."