Twadde Keamerlid Chris Stoffer (SGP) troch BBB foardroegen as ferkenner

Chris Stoffer is troch de BBB foardroegen as kandidaat-ferkenner. Dat hat de Fryske BBB-listlûker Abel Kooistra bekend makke yn It Polytburo.
Stoffer is sûnt 2018 Twadde Keamerlid foar de SGP. Dêrfoar siet hy 16 jier yn de gemeenteried fan Nunspeet. Fan 2009 oant 2013 siet hy ek yn it algemien bestjoer fan it Waterschap Veluwe.
De BBB wie de grutte winner fan de Provinsjale Steateferkiezingen. It is gebrûklik dat de grutste partij it inisjatyf nimt by de petearen foar it foarmjen fan in koälysje. Mei it oandragen dan Stoffer set de BBB dêryn in earste stap.
Kooistra fertelt hoe't de BBB útkaam is by Stoffer:
Abel Kooistra (BBB) oer de kar foar Chris Stoffer as ferkenner
"We ha hjoed in brief nei de oare partijen stjoerd", fertelt Kooistra. "Dêryn sizze we dat we him foarsteld ha. We hoopje dat ús foarstel breed droegen wurdt."
Stoffer is gjin Fries, mar ken de klappen fan 'e swipe fan it plattelân wol, neffens Kooistra. "En hy is ien dy't boppe de partijen stiet, ien dy't ûnôfhinklik is."
Listtriuwer Femke Wiersma fan de BBB sei tongersdei noch dat de ferkenner in frou wêze soe, mar dat is no dus net mear sa. "Yn de polityk kin it soms hurd feroarje", seit Kooistra. "Dy frou hat ôfsein, dus doe ha we skeakele."
Noflike gearwurking yn Den Haag
Stoffer waard freedtemoarn benadere. Hy fertelt dat er de ôfrûne jierren yn Den Haag noflik gearwurke hat mei de BBB. "We hebben in diverse dossiers opgetrokken, bijvoorbeeld met Femke Wiersma. Er is een goede onderlinge verstandhouding."
It wurk as ferkenner ken er ek. Stoffer hat dat twa kear dien yn de gemeenteried fan Nunspeet. De Fryske polityk ken er minder goed, mar as meiwurker fan Rykswettersteat hat Stoffer wol geregeld te krijen hân mei de provinsjale polityk yn it algemien.
It is de bedoeling dat Stoffer kommende moandei foar it earst nei Ljouwert ôfreizget om it proses mei Abel Kooistra te bepraten. Nei alle gedachten sil er dêrnei de oare partijen ek benaderje.
Listlûker Edou Hamstra fan de PvdA, de twadde partij yn Provinsjale Steaten, lit witte dat se Stoffer in prima kar fynt. "It is ien mei wat ûnderfining, dat fyn ik wol in moai idee." Har partij sil der net foar lizzen gean, seit se.
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.