Hoe hâlde we Fryslân leefber? Provinsje en Wetterskip komme mei klimaatfyzje 2050+

In foarbyld fan heech wetter © ANP Foto
Troch de klimaatferoaring, de omheechgeande seespegel en de boaiemdelgong nimt de kâns op oerstreamingen, drûchte en it sâltich wurden fan 'e grûn de kommende jierren ta yn Fryslân.
Mar hoe soargje we derfoar dat we ek yn 2050 en dêrnei noch goed wenje, wurkje en rekreëarje kinne yn Fryslân? Dy fraach stiet sintraal yn de fyzje 'Fryslân Klimaatbestindich 2050+' fan It Wetterskip en de provinsje Fryslân. De fyzje waard tiisdeitemoarn presintearre.
Frank Jorna, deistich bestjoerder fan it Wetterskip, leit út wat der no krekt yn dy fyzje fan tsientallen pagina's stiet: "Eins is it in kaart fan Fryslân wêrby't we fertelle wat de analyze is fan ús wetter- en boaiemsysteem en wat der yn de takomst wol en net kin yn Fryslân. Wêr wolle we wenje, wêr wolle we lânbou bedriuwe, wêr wolle je wetter bergje en wêr wolle je ynfrastruktuer oanlizze?"
Hoe hâlde we Fryslân yn 2050 noch leefber?
De bestjoerders fan no, mar ek benammen dy fan de takomst, kinne de fyzje brûke as in soarte fan hantlieding. "As je bygelyks in nije wenbouwyk bouwe wolle as gemeente. Wêr kin ik dat dan dwaan? Doch ik dat yn in djippe polder of doch ik dat op in hege sângrûn? Dan pakke je dy fyzje derby en dan sjogge je: yn myn gemeente is dit gebiet derfoar geskikt en dat gebiet minder geskikt."

Polityk klimaat

De fyzje rint oant en mei it jier 2100 en dus sil yn dy tiid it politike klimaat noch hiel faak feroarje. Sa is it bygelyks noch mar de fraach wat de BoerBurgerBeweging krekt fan dizze rjochtlinen fynt. Mar neffens deputearre Douwe Hoogland moat dat eins gjin probleem wurde.
"Elkenien sil hjir rekken mei hâlde moatte", seit de bestjoerder. "Der sille miskien noch wat nuânses yn komme. Mar tagelyk is de earnst fan de útdaging sa grut dat je, wat je politike kleur ek is, hjir rekken mei hâlde moatte."
Drûchte © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
De konseptfyzje is noch oant en mei 28 april yn te sjen. Nei't de sjenswizen deryn meinaam binne, wurdt er definityf makke.
En wat de gewoane man der úteinlik fan fernimme sil? "Yn it begjin, tink ik, net hiel folle. Je fernimme neat as it hiel goed giet. Je moatte soargje dat we takomstproblemen foarkomme. As it net goed giet, dan fernimme je it wol", seit Jorna.