Earste jeugdljipaai fûn troch Jasper Bauke Huitema (9)

Krekt foar trijen fûn Jasper Bauke Huitema (9) út Easterein it earste aai fan alle basisskoallebern fan Fryslân. De priis is in oanmoedigingspriis foar dejinge dy't by de jeugd it earste aai fynt.
It Sulveren Polske wurdt útrikt oan de earste yn Fryslân ûnder de trettjin jier dy't in ljipaai fynt. It Polske sil útrikt wurde troch deputearre Douwe Hoogland op it hiem fan boer Strikwerda. Dêr is ek it feest.
Jasper Bauke Huitema fynt earste 'jeugdaai' fan Fryslân
Freed waarden ek de earste ljipaaien yn de gemeenten Eaststellingwerf, Tytsjerksteradiel en Amelân fûn, troch folwoeksenen. Noch yn fjouwer gemeenten moat no in aai fûn wurde.
Snein waard it earste ljipaai fan Fryslân fûn en it earste ljipaai fan Nederlân waard de dei dêrfoar fûn yn Oerisel.