Lêste testlokaasje yn Ljouwert ek ticht: "Einde van een tijdperk voor ons en Nederland"

Jeannette Provoost fan de GGD © Omrop Fryslân
De GGD hâldt freed op mei it testen op corona yn Fryslân. Dêrmei komt in ein oan mear as trije jier fan ôfspraken meitsje, nei in testlokaasje reizgje en wachtsje op de útslach.
"Het is een einde van een tijdperk voor ons en voor de rest van Nederland", seit dokter Jeannette Provoost fan de GGD. Yn trije jier tiid hat GGD Fryslân aardich wat wurk ferset: "De eerste testen hebben we op 25 februari 2020 gedaan, in totaal hebben we in drie jaar zo'n 1.054.000 testen afgenomen."

Begjin coronatiid

Provoost kin it har noch goed heuge doe't de earste lokaasjes opset waarden. Yn de earste wiken wienen der noch gjin fêste lokaasjes. "In het begin was de mogelijkheid er niet voor iedereen om getest te worden. In de eerste week gingen we alleen maar bij mensen thuis langs op advies van de arts."
En dat gong noch mei in hiel soad foarsoarchmaatregels, fertelt Provoost. "Met alle bepakking, dat trokken we aan in de hal, testten we de mensen. Dan weer uit en alles in plastic zakken. Zo ging dat dan."
Wij wisten ook niet wat corona precies was.
Jeannette Provoost, dokter by GGD Fryslân oer benaudens by meiwurkers
It wie ek foar de meiwurkers fan de GGD in spannende tiid. "In het begin hadden we ook wel te maken met angst bij onze eigen mensen. Gelukkig zijn ze heel professioneel, maar wij wisten ook niet wat corona precies was."
Se fertelt dat fan juny 2020 ôf elkenien him teste litte mocht. Doe is GGD Fryslân op syk gongen nei fêste lokaasjes. "Uiteindelijk hebben we negen locaties tegelijkertijd gehad in Fryslân."
De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Op it hichtepunt hie GGD Fryslân 400 meiwurkers yn tsjinst foar it testen, Provoost leaut dat dy allegearre bydroegen hawwe oan in better ferrin fan de coronapandemy. "Dat geloof ik zeker, het doel van het testen was natuurlijk om verspreiding te voorkomen."
Yn de rin fan 2022 rekke corona hieltyd mear op de eftergrûn, mei hjir en dêr noch in pear oplibbingen. "En zelftesten kwamen op, dus mensen hoefden niet meer te komen testen. Vervolgens hebben we de openingstijden aangepast."

Underfining oerdrage

"Vanaf mei vorig jaar hadden we combinatielocaties, 's ochtends testen en 's middags vaccineren", fertelt Provoost. "Uiteindelijk hadden we alleen nog één locatie in Leeuwarden en vanmorgen hebben we die gezamenlijk met de mensen gesloten."
Dêrmei is it foar Provoost noch net hielendal ôfsletten. Sy bliuwt har derfoar ynsetten dat de ûnderfining en kennis dy't de ôfrûne jierren opdien is net ferlern giet. "Zodat we een volgende keer iets minder overvallen worden."