Earste ljipaaien fan Eaststellingwerf, Tytsjerksteradiel en Amelân ek fûn, noch fjouwer gemeenten te gean

Heine Hut fûn it earste aai yn de gemeente Eaststellingwerf © BFVW
Freed binne yn de gemeenten Eaststellingwerf, Tytsjerksteradiel en Amelân de earste ljipaaien fûn. Heine Hut (69) fûn it aai by De Haule, Eelke Kooi by Suwâld en Marlies Borsch (24) by Ballum.
Hut fûn freedtemoarn om 11.35 oere it earste ljipaai fan Eaststellingwerf. Eastlik fan De Haule wie it raak. Hut is in besiele aaisiker, seit de Bond Friese Vogelwachten.

Tytsjerksteradiel

Letter op de dei wie it raak yn Tytsjerksteradiel. Om 13.55 oere fûn Eelke Kooi út Suwâld op syn eigen stik lân it aai yn de tolfde provinsje. Kooi wie syn plasdraspomp oan it kontrolearjen doe't er in soad aktive ljippen seach. Al gau seach er ek in aai.
Eelke Kooi fûn yn Tytsjerksteradiel it earste aai © BFVW
Amelân
Om 14.24 oere fûn Marlies Borsch (24) út Nes fan de fûgelwacht Hollum/Ballum it earste aai fan de gemeente Amelân. Mei har suster Annemieke keas sy it bêste fjild fan it eilân út, neffens foarsitter fan de fûgelwacht IJme Brijker. Beide komme sy út in Amelanner fûgelwachtfamylje.
De boargemaster fan Amelân hat de susters yn it sintsje set.
Amelander Marlies Borsch fûn it earste aai op Amelân © BFVW
Op Flylân, yn Harns, Waadhoeke, en Dantumadiel binne der noch sikers yn de race.

Ferline jier

Ferline jier hie Wietse Jan Dijkstra fan Sint Anne it earste ljipaai op 14 maart fûn yn in greide by de Warkumerwaard. Yn 2021 waard it earste ljipaai fan Fryslân op 6 maart fûn by de buorskip Spriens, ûnder Raard. De 39-jierrige Simon Spriensma fan Dokkum wie de finer fan dat aai.
Yn 2019 waard it earste ljipaai wol hiel betiid fûn: op 28 febrewaris al. Eduard van der Hoek trof it earste aai doe oan yn Vegelinsoard: nea earder waard in ljipaai sa betiid yn it jier fûn.
Snein waard it earste ljipaai fan Fryslân fûn en it earste ljipaai fan Nederlân waard de dei dêrfoar fûn yn Oerisel.