Marit Bouwmeester pakt titel op EK silen yn Italië

Marit Bouwmeester © ANP
Marit Bouwmeester fan Warten is Europeesk kampioen silen wurden yn de ILAC6-klasse. Ien wedstriid foar de ein fan it kampioenskip wie se dêr al wis fan.
Op de slotdei fan it EK silen yn it Italiaanske Andora wûn se foar de tredde kear in race. Nei tsien wedstriden mochten de twa minste resultaten ôflutsen wurde. Foar Bouwmeester wienen dat in tolfde en in 48e plak.
De nûmer twa fan dat stuit, de Deenske Anne-Marie Rindom, stie op 45 punten. Om't Bouwmeester yn har lêste race net mear as 12 punten helje koe (har lytste ôflûk), koe Rindom Bouwmeester net mear foarby yn it klassemint.
Yn de lêste wedstriid kaam Bouwmeester als tolfde oer de einstreek. Dêrmei einige se op 32 punten. Dat binne 18 punten minder as de nûmers twa en trije, de Portugeeske Vasileila Karachaliou en de Hongaarske Maria Erdi. Rindom hie in hiele minne lêste wedstriid en einige op plak seis.
Mirthe Akkerman fan Akkrum is de nûmer 13 fan it einklassemint. Har bêste prestaasje wie in tredde plak yn de earste race. Akkerman einige op 94 punten.
Yn de ILCA7-klasse by de manlju waard Willem Wiersema fan Eastermar 38e.