Haven Skylge ôfset om elektryske auto út wetter te krijen

Elektryske Jeep wurdt út it wetter by Skylge takele © ProNews Producties
De haven fan Skylge is freedtemoarn ôfset om't de plysje en brânwacht dwaande wiene in elektryske auto út it wetter te heljen. Om't it hjir om in auto mei akku gie, moast dat op in spesjale wize barre.
De plysje krige tongersdeitejûn om 18.42 oere in melding dat in auto lâns de Willem Barentszkade te wetter rekke wie. De bestjoerder wist sels in rútsje fan de Jeep yn te tikjen, út de auto te krûpen en hat op it dak wachte op de helptsjinsten.
Dûkers hawwe freedtemoarn kabels om de auto fêstmakke. De Jeep is doe mei in fierrikker op de wâl takele. Om't de akku fan de auto noch yn de brân fleane kinne soe, hie de plysje de haven fan Skylge ôfset.
De auto waard yn in grutte bak set en sekuer yn de gaten holden troch de brânwacht. Sa koe dy fluch yngripe as dat nedich west hie.