Elske Schotanus 'ferfrysket' boekewikegeskink: "Stroffele oer 'tegelfiliaal'"

Lykas alle jierren leit it boekewikegeskink yn twa talen op 'e planke. Skriuwer en oersetter Elske Schotanus jit dit kear 'De earlike finer' fan Lize Spit yn in Fryske foarm. "It tafoegjen fan in lyts wurdsje kin al ferhelderjend wurkje."
It is Boekewike. Oant en mei snein 19 maart kinne leafhawwers by oankeap fan 15 euro of mear fergees it boekewikegeskink fan de Flaamske Lize Spit yn de kast skowe.
Troch it oersetwurk fan Elske Schotanus (65) kinne bewenners fan Fryslân ek kieze foar in ferzje yn de memmetaal. Schotanus waard troch Boeken fan Fryslân benadere om har oer it boek te bûgen. En sa koe in pear wiken letter ek 'De earlike finer' nei de drukker.
Jimmy en Tristan
Schotanus fûn it belangryk om it boek earst goed te lêzen. Dat die se mei plezier. "Ik hie noch net earder in roman fan har iepenslein. It is in geweldich boek. Prachtich skreaun. In roman foar folwoeksenen, skreaun út it perspektyf fan in jonkje."
It ferhaal spilet him ôf yn de jierren njoggentich, mei as haadpersonaazje Jimmy: in bytsje 'nerdy' basisskoallelearling dy't gek is op it sammeljen fan flippo's, en dy't dreech oansluting fynt by leeftiidsgenoaten. Dan komt Tristan by him yn de klasse. In flechtling út Kosovo. De twa reitsje befreone en fine stipe byinoar.
Eins fyn ik by dit wurk: in boek is in boek.
Dat Schotanus entûsjast is oer it boek, makke foar har wurk net folle ferskil. Se wol dit projekt dan ek net romantisearje. "Krekt as by oare romans giest per sin, per alinea oan de slach. Dit wie ek wer in put dêr't ik foar betelle waard. Eins fyn ik by dit wurk: in boek is in boek."
Wat it proses wol wat oars makke, is dat de oarspronklike skriuwer Flaams is. Dêrtroch stean der wurden yn it boek dêr't wy minder bekend mei binne. "Sa as 'nonkel'. In wurd dat ik trouwens net fertaal, omdat it ferbûn is mei de persoan of it lân. Lykas dat ik fan heit ek gjin vader meitsje."
It ferhaal snappe
Foar't se oan de slach giet, splitst Schotanus har kompjûterskerm yn twaen. Yn dit gefal: rjochts it dokumint (De earlike finer), en lofts it part dêr't de Fryske ferzje komt te stean. En dat oersetten, dat komt krekt. "Je moatte it ferhaal snappe. It is net simpelwei in kwestje fan wurden ombûgje nei it Frysk."

"Dêrom moast ik soms opsykje wêr't wat him ôfspilet, hoe't dy omjouwing derút sjocht. As je it sels net ynbyldzje kinne, of gjin achtergrûnkennis hawwe, dan is oersetten dreger", seit Schotanus. "It tafoegjen fan in lyts wurdsje kin al ferhelderjend wurkje. Je moatte dus kennis fan taal ha, mar ek witte wêr't it oer giet."
Tegelfiliaal
Soms krijt Schotanus wolris in tik op de fingers fan de Afûk ('Dit is in hollannisme'), en in inkelde kear skeakelet se de help yn fan de auteur. Lykas no ek. Mei Flaamske útdrukkingen hie se gjin muoite, mar in bepaald wurd koe se neat mei.
"'Tegelfiliaal', dêr stroffele ik oer. 'Dat sil dochs gjin spesjaalsaak foar tegels wêze', tocht ik. Dus doe haw ik Lize Spit mar efkes belle", seit Schotanus. "Wat it wol betsjut? Blykber giet it om in bedriuw dêr't echt allinnich mar tegels ferkocht wurde. Hie ik nea fan heard."
Sa'n oersetting kin ek it plak ynnimme fan oarspronklik Fryske boeken.
Nettsjinsteande dat Schotanus bliid is dat it boek der yn it Frysk is, stie se dochs wat dûbeld yn dizze oersetput. "Je wolle graach foar Fryske lêsbefoardering soargje. Wa wit, jout it in ympuls. Mar it kin ek it plak ynnimme fan oare boeken. Miskien keapje je no net in orizjineel Frysk boek, omdat dit boek thús al op de steapel leit. En dat soe spitich wêze."
"Ik hearde dat fan 'De earlike finer' 2.500 eksimplaren printe binne. Wylst de oplage fan in gemiddelde Fryske roman sa'n 500 is", fertelt se. "It is dus as auteur net noflik as der ynienen konkurrinsje by komt, wylst it al net maklik is yn dy sektor."
Wat dat Schotanus, sels auteur fan in rige Fryske boeken, bot spyt. "De ferkeap giet noch hieltyd nei ûnderen. Hooplik komt it noch in kear oars. Mar goed, miskien is it wol lûken oan in dea hynder."
Spegel foar eigen taal
Sels smyt se de pinne der yn alle gefallen net by del. Want skriuwe, bliuwt wat dêr't se it measte gelok út hellet. "Mar", sa seit se, "oersette bliuwt fansels hiel belangryk. It soarget foar tagong ta literatuer oer de hiele wrâld. Boppedat lear ik mysels sa as skriuwer better kennen. It wurk fan in oar is as in spegel foar myn eigen taal."