Keeper Andries Noppert net yn definitive seleksje Nederlânsk alvetal

Andries Noppert yn it shirt fan it Nederlânsk alvetal © Orange Pictures
Doelman Andries Noppert fan sc Hearrenfean sit net by de definitive seleksje fan it Nederlânsk alvetal foar de EK-kwalifikaasjewedstriden tsjin Frankryk en Gibraltar. Noppert stiet al in skoft mei in blessuere oan de kant.
It kaam dêrom as in ferrassing dat Noppert wol by de foarseleksje fan de nije bûnscoach Ronald Koeman siet. Jasper Cillessen fan NEC, Mark Flekken fan SC Freiburg en Bart Verbruggen fan Anderlecht binne de doelmannen yn de definitive seleksje fan Oranje.
Noppert spile syn lêste wedstriid op 22 jannewaris fan dit jier. Dêrnei hat hy troch in spierblessuere net mear by de wedstriidseleksje fan sc Hearrenfean sitten.
Noppert wie ôfrûne novimber de earste doelman fan it Nederlânsk alvetal op it WK yn Katar. Nederlân waard yn de kwartfinale fan dat toernoai nei strafskoppen útskeakele troch Argentinië.