Snein gjin treinferkear tusken Snits en Starum troch dasseboarch

Nei in fersakking troch graafwurk fan dassen is spoar hjir by de ljochte stiennen earder reparearre © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der ride kommende snein gjin treinen tusken Snits en Starum. Dat hat te krijen mei de dasseboarch ûnder it spoar by Molkwar. Troch dy dassen is der oant juny gjin treinferkear mooglik tusken Warkum en Starum.
It giet om tsientallen hoalen, it risiko is grut dat it spoar fersakket, om't troch de druk fan in passearjende trein de hoalen samar ynienen ynstoarte kinne. Om't ProRail materieel oanfiere moat rjochting de dasseboarch, moat it spoar no fan Snits ôf ticht.
Ferfierder Arriva set bussen yn. Reizgers moatte rekken hâlde mei in langere reistiid, de fertraging kin oprinne oant in healoere. Fan moandei ôf rydt de trein wer troch oant en mei Warkum.