Wittenskippers negearre: problemen Margriettunnel koenen foarkaam wurde

It akwadukt by Twellingea is wer iepen foar ferkear © Kappers Media
Rykswettersteat negearre ûndersikers fan ûndersyksynstitút TNO en in ûnôfhinklik ekspert oer de oarsaak fan de skea oan de Vlaketunnel yn Seelân. Hienen se mear mei de konklúzjes fan doe dien en ek ferfolchûndersyk, dan hie skea oan de Prinses Margriettunnel mooglik net sa grut west, skriuwt ûndersyksplatfoarm Follow the Money.
By de Vlaketunnel barde yn 2010 ek sokssawat as mei de Prinses Margriettunnel yn desimber. Dêr brutsen saneamde lûkankers ôf dy't de tunneldielen op harren plak hâlde, wêrtroch't in diel fan de tunnel omheechkaam.
Rykswettersteat konkludearre by de Vlaketunnel dat sâlt wetter de oarsaak wie. Dat die lykwols net bliken út it ûndersyk fan TNO. Oare oarsaken binne dêrnei net ûndersocht, sa docht bliken út stikken yn hannen fan Follow the Money.
Sânsekken moasten de tunneldielen te plak hâlde © Omrop Fryslan
Yn in memo fan Rykswettersteat stiet dat der gjin oanlieding wie om oan te nimmen dat soks ek by oare tunnels plakfine koe. Dêrby waard in konklúzje fan TNO negeard dat der gjin bewiis wie dat korroazje troch sâlt wetter de oarsaak wie.
Eksperts sizze no dat Rykswettersteat doe de opdracht jaan moatten hie om oare tunnels ek previntyf te kontrolearjen.

Hege kosten

Rinze Herrema fan yngenieursbedriuw Witteveen+Bos stelt dat de kosten foar de oanpak fan de Prinses Margriettunnel dan stikken leger west hiene. Hy sels rûst de rekken tusken de 15 en de 25 miljoen euro.
Hie Rykswettersteat de skea earder sjoen, dan hie dat bedrach folle leger west. Herrema: "De grutste kostepost is it ferfangen fan de ankers. Dy kostje sawat fjouwertûzen euro it stik. As je dat serieus ûndersocht hiene, dan kinne je planne en binne je folle goedkeaper út."
Dat de kosten heech binne, die earder wol bliken út berekkenings fan direkteur Piet Smit fan Poiesz-supermerken: "Bij Poiesz hebben we 120 vrachtwagens die aan- en afrijden. Dat levert nu een tijdsverlies van 60 uur per dag op. Dat komt neer op 4.000 euro per dag, dus reken maar uit. De kosten rekenen we niet door naar de consument."
Neffens Herrema skeelt it ek yn de maatskiplike kosten: "Tink oan files, omride en ûnfeilige sitewaasjes op omlizzende diken."
Ien fan de tunneldielen kaam omheech. © Omrop Fryslân
Rykswettersteat seit yn in reaksje dat de fragen oer sâlt as oarsaak terjochte binne. It is allinnich nuver dat allinnich de ankers oan ien kant fan de Vlaketunnel knapt binne en net ek op oare plakken.
Neffens Herrema makket dat hielendal neat út. Hy fynt de konklúzje fan Rykswettersteat ûnbegryplik. "Der binne noch njoggen tunnels mei in soartgelikense konstruksje. Dêrom allinnich al hienen de rapporten mei de rest fan de tunnelwrâld dield wurde moatten. Rykswettersteat hie doe mear ûndersyk dwaan kinnen en moatten nei risiko's mei oare tunnels."
Herrema fynt dan ek dat de oare tunnels sa gau as mooglik ynspekteard wurde moatte.

Wol serieus naam

Rykswettersteat seit yn in reaksje dat se problemen mei de lûkankers wol deeglik yn it fizier hawwe. Sa is der ûndersyk dien nei de ankers yn de Heinenoordtunnel. Dêr binne doe gjin breuken oantroffen.
De reparaasje fan de Vlaketunnel koste Rykswettersteat 35 à 40 miljoen euro. Se kinne noch gjin ynskatting meitsje fan de kosten fan de Prinses Margriettunnel.