Friso Snits moat yn de efterfolging nei ferlies tsjin VV Utrecht

Spylster fan Friso Snits © Orange Pictures
De follybalsters fan Friso Snits hawwe de earste wedstriid yn de heale finale fan it bekertoernoai mei 3-2 ferlern fan VV Utrecht.
De earste set gie mei 25-22 nei Utrecht, mar dêrnei focht Snits him werom yn it duel. Fia 25-27 en 23-25 waard it sels 1-2.
Yn de fjirde set kamen de Snitsers lykwols dúdlik tekoart (25-18). Yn de beslissende fiifde set luts Utrecht de wedstriid definityf nei him ta: 15-8.
Woansdei is de return yn Snits. As Snits mei 3-0 of 3-1 wint, geane sy troch. By 3-2 folget in beslissende golden set. De oare heale finale giet tusken Sliedrecht Sport en FAST. FAST, de nûmer lêst fan de B-pûl wûn dy wedstriid ferrassend mei 3-2.