Henk de Vries fan It Fryske Gea: "It moat oars fan BBB, mar hoe dan krekt?"

Direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea © It Fryske Gea
Direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea fielde him oerdondere troch de grutte oerwinning fan BBB by de provinsjale ferkiezingen.
Hy hie wol sjoen dat BBB behoarlik oan de wei timmere, mar net ferwachte dat de partij "as in stoomwals oer alles hinnegean soe."
BBB sil it no foartou nimme moatte foar it nije provinsjaal bestjoer, konkludearret De Vries. Hy tinkt net dat it mei de foarderingen yn de natuer fuortendaliks oer en foarby is. Der binne dingen yn gong set dy't ûnomkearber binne, sa seit er. Mar hy wit net hoe't it mei it tempo en it ambysjenivo komt.

Yn de kunde komme

"Ik ken de BBB Fryslân net. Oant no ta wie inkeld de lanlike BBB 'in the picture'. Hjir stiet in partij mei minsken dy't aansen it bestjoer wurde fan de provinsje. Dêr moatte we noch mei yn de kunde komme."
De Vries seit dat er yn de ferkiezingskampanje fan BBB net folle te witten kommen is hoe't it krekt oars moat. Oer de ynhâld dêrfan is net folle dúdlik wurden.
It bestjoeren fan in provinsje is folle breder as inkeld mar stikstof.
Henk de Vries
"Dat it oars moat, wurdt wol sein, mar net hoe dan. It bestjoeren fan in provinsje is folle breder as inkeld mar stikstof. BBB stiet foar it plattelân en dêr hearre wy as It Fryske Gea ek by."
"Wy hawwe fansels wol faker ferkiezing meimakke mei in nij kolleezje fan deputearre steaten en nije provinsjale steaten. It moat altyd efkes wenne. Uteinlik fynst dyn wei wol wer."

Ferskillende útgongspunten

De ôfrûne jierren binne der tusken natuer en lânbou in soad projekten opset. De Vries hopet dêrop fuort te bordueren. Mar de útgongspunten binne net deselde. Der is mar ien manier om dúdlikens te krijen yn de nije situaasje: mei-inoar yn petear gean, seit De Vries.
Hy hopet dat der in lykwichtige koälysje komt, sadat de provinsje goed bestjoerd wurdt. Alle belangen moatte in goed plak krije, fan natuer en lânbou oant berikberheid.

"Natuer is net inkeld kostepost"

De Vries hat ek in oprop foar de ûnderhannelers: sjoch goed oft de nije koälysje de provinsje goed bestjoere kin. En ek: sjoch net inkeld nei natuer as in kostepost en in lúkse, mar as in betingst foar in provinsje dêr't it goed yn wenjen, wurkjen en rekreëarjen is.
Henk de Vries, It Fryske Gea