Sylster Marit Bouwmeester oan kop op EK silen mei noch ien dei te gean

Marit Bouwmeester © ANP
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat de kopposysje pakt op it EK silen yn it Italiaanske Andora. Tongersdei waarden der twa wedstriden syld yn de ILCA6-klasse. Dêryn waard se earste en 48e.
De dielnimmers meie harren minste resultaat ôflûke. Foar Bouwmeester is dat it 48e plak fan tongersdei. Dêrtroch nimt se de lieding yn it klassemint oer, want de eardere nûmer ien, de Portugeeske Vasileila Karachaliou, hie in minne dei en waard 17e en 39e.

Akkerman krekt bûten top 10

Bouwmeester hat no 24 punten. Dêrmei stiet se twa punten foar op de Belgyske Emma Plasschaert. Karachaliou makket it poadium foarearst kompleet. De ôflûk fan Bouwmeester is wol folle grutter as dy fan har konkurrinten. Dêrtroch mei se gjin minne races mear hawwe.
Akkrumer Mirthe Akkerman stiet op it alfde plak. Sy hat 64 punten. Fiif punten mear as de nûmer tsien fan it klassemint, de Fransêze Pernelle Michon.
Yn de ILCA7-klasse by de manlju is Willem Wiersema de nûmer 38 fan it klassemint. Syn bêste resultaat wie twa kear in njoggende plak.
Freed steane, as de waarsomstannichheden it talitte, de lêste trije races op it programma.