Marwan Fouwels (13) keapet Snitser draaioargel: "Ik was direct helemaal verkocht"

Marwan Fouwels en Dick Schrama by it oargel © Marwan Fouwels
It like der in skoft op dat Snits it markante lûd fan it draaioargel kwytreitsje soe. Draaioargelman Jan Boon ferstoar ôfrûne juny en dêrmei ferstomme de muzyk. De 13-jierrige Marwan Fouwels tocht dêr lykwols oars oer. Hy kocht it oargel fan de frou fan Boon.
Fouwels is grut fan fan de oargelmuzyk. "Dat kwam doordat we een keer naar Sneek gingen om te winkelen. Toen was ik ongeveer 2 jaar. Ik zag en hoorde het orgel en was eigenlijk direct helemaal verkocht."
Mei syn pake Dick Schrama boude Fouwels in goede bân op mei Jan Boon. Nei it ferstjerren fan de oargelman kaam Fouwels noch geregeld by frou Boon oer de flier.
"Marwan wie wolkom yn de fakânsjes om wat boekjes te draaien", leit Schrama út. "Yn earste ynstânsje woe se gjin ôfstân dwaan fan it oargel, mar stadichoan sei se: it soe moai wêze as hy yn Snits bliuwt en as Marwan dermei draaie kin."
Marwan Fouwels en pake Dick Schrama oer it draaioargel
Nei wat petearen wienen se der gau út. "Mei de krystfakânsje sei ik tsjin Marwan: ik ha in ferrassingstochtsje foar dy. Doe binne we nei frou Boon gien en doe hat sy oan Marwan ferteld dat it oargel dizze kant op komt."

Nije muzyk

En sa is der wer takomst foar it 90-jierrige oargel 'De Paardekop'. Fouwels en syn pake binne fan doel om de klanken fan it muzykynstrumint wer troch de Snitser binnenstêd galmje te litten.
"Er komt wel nieuwe muziek bij, een beetje meer variatie, want er zaten ook veel marsen bij. We zijn bezig met salsa, rumba en leuke volksmuziek om te kunnen draaien", leit Fouwels út.

"Blij dat Sneek draaiorgelmuziek mag horen"

Dat hy no de eigener fan it oargel is, makket him grutsk. "Het is wel een beetje dubbel: Jan Boon overleden, daar hebben we een hele hoop verdriet van, maar aan de andere kant: toch ook wel heel erg blij dat Sneek weer draaiorgelmuziek mag horen."
Fouwels en syn pake sille der no alle sneonen mei op 'en paad. "Dat is dochs prachtich?", seit Schrama. "En foar it winkeljende publyk is it ek hiel gesellich."