Aksjes yn Fryske sikehuzen: "Ze verdienen een goede cao"

Sikehûspersoniel fiert aksje © Omrop Fryslân
Op 64 plakken yn it lân hawwe sikehûsmeiwurkers tongersdei foar in part it wurk dellein. Fan de Fryske sikehûzen dienen allinnich de meiwurkers fan it MCL yn Ljouwert en Harns mei oan de lanlike staking. Nij Smellinghe yn Drachten hold ludike aksjes.
Yn Ljouwert diene tsientallen meiwurkers mei. Sa wie der in sitaksje yn de gong fan it MCL en in protestmars om it sikehûs hinne.
Aksjes yn Fryske sikehuzen
Neffens ferpleechkundige Tjitske Pol is de rek derút. "De wurkdruk is tige heech, we hâlde it noch mar krekt fol."
Guon meiwurkers geane dêrom op syk nei in oare baan of binne yntusken al fuortgien. "Dat is tige spitich, want we kinne alle hannen oan it bêd brûke." As de sikehûsmeiwurkers harren sin net krije, folgje der yn april en maaie wer aksjes.
Sikehûspersoniel fiert aksje © Omrop Fryslân
Foarsitter Patrick Vink fan de Ried fan Bestjoer fan it MCL stiet efter de aksjes fan syn personiel. Neffens him is der benammen yn coronatiid in soad fan de meiwurkers frege. "Ze verdienen een goede cao. Punt."
Sels kin it MCL it net mear betelje, it jild moat fan de soarchfersekerders en de oerheid komme. Vink hat mei de aksjefierders ôfpraat dat de sûnens fan de pasjinten net yn gefaar komme mei. Sa gienen wichtige operaasjes tongersdei wol troch en wie de driuwende help iepen.