Femke Wiersma wol har ynsette foar BBB én Fryslân: "In hiele ferantwurdlikheid"

Femke Wiersma (BBB) © Omrop Fryslân
"Ik kommittearje my oan myn heitelân." BBB-listtriuwer Femke Wiersma giet foar it deputearreskip yn Fryslân en makket foarearst net de stap nei Den Haag, seit se. "Ik ha der in soad nocht oan om oan de slach te gean."
Yn hiel Nederlân is de BBB de grutte winner fan de Steateferkiezingen. Yn hast elke provinsje wurdt de partij de grutste fraksje yn de Steaten en ek yn de Earste Keamer grypt de BBB nei alle gedachten sechstjin sitten.
"It oertreft alle ferwachtingen", seit Wiersma. "Fansels hienen we ferwachte dat we yn guon provinsjes de grutste wurde koenen, mar it is hiel bizar wat hjir plakfûn hat."
It wie dêrom in koart nachtsje foar har. Se siet earst oan tafel by Jinek en ried dêrnei troch nei Bathmen (Oerisel), dêr't de BBB de ferkiezingsjûn folge. "Doe't ik dêr oankaam, wie it feest al hast dien. Myn kollega's wienen der noch wol, we ha elkoar in dikke krûp jûn."
Besjoch in wiidweidich petear mei Femke Wiersma (BBB), Avine Fokkens (VVD) en polityk ferslachjouwer Onno Falkena oer de ferkiezingsútslach:
Femke Wiersma (BBB) en Avine Fokkens (VVD) beprate ferkiezingsútslach
In part fan de grutte winst komt trochdat minsken de BBB stypje mei proteststimmen, seit Wiersma. "Ik bin de earste dy't dat tajaan sil. It seit in hiel soad oer de ûnfrede fan in soad minsken, ûnfrede oer de polityk en de regearing."
Mar der spilet mear. "De BBB is foar in soad minsken de grutte hoop. Minsken dy't hoopje op feroaring. Wy binne no de partij dy't dat belichemet."
In dei letter is ien fan de fragen: hoe no fierder? Yn Fryslân mei de BBB it foartou nimme by de koälysjeûnderhannelingen. Wiersma is dan kandidaat om deputearre te wurden. "Eins in jier lyn ha ik my al kandidaat steld. Dêr ha ik in soad oer neitocht: wol ik dat, kin ik dat oan? Mar ik ha der safolle oer neitocht en ik tink dat ik der klear foar bin."
Se is der net allinnich klear foar, se hat der ek in soad noch toan. "Ik bin in grutske Friezinne. Ast dan yn dyn eigen provinsje wat bydrage meist, dan liket my dat fantastysk. Ik hoopje it goed te dwaan, it is in hiele ferantwurdlikheid."
Minsken rekkenje op my.
Femke Wiersma
En wat no as Den Haag him meldt? Op syn lêst oer twa jier binne der nije ferkiezingen foar de Twadde Keamer en dan sil de BBB ek goede minsken op de list ha moatte. Wiersma stiet dêr dan yn prinsipe net tusken. "Ik kommittearje my oan myn heitelân. En ast in bestjoersfunksje oangiest, dan fyn ik datst dat ek ôfmeitsje moatst. Ik hoopje it hjir hiel goed te dwaan, dat is in hiele ferantwurdlikheid."
Dat fernimt se ek troch de berjochten dy't se krijt fan in soad minsken. Appkes, tweets, berjochten op Facebook: se hat it der smoardrok mei. "Minsken rekkenje op my."
Wiersma en Caroline van der Plas op kampanje foar de Twadde Keamerferkiezingen, twa jier lyn © ANP
Neffens Wiersma begrypt lanlik partijlieder Caroline van der Plas wol dat se foar Fryslân kiest. "Sy is ien fan de earsten mei wa't ik it bepraat ha. Fansels soe se my ek wol yn de Twadde Keamer ha wolle. Ik fiel my dêr thús en ik tink ek wol dat ik it kin. Mar sy snapt ik dat ik in allinnichsteande mem bin en eins net fuort wol út Holwert."

Stikstofkaartsje 'motor' fan BBB-opmars

De BBB waard twa jier lyn mei ien sit keazen yn de Twadde Keamer. De groei dy't de partij yn twa jier trochmakke hat, wurdt troch polityk analisten 'histoarysk' neamd. Neffens Wiersma komt it benammen troch it 'stikstofkaartsje' fan minister Van der Wal.
"Doe't dy kaart publisearre waard, siet ik by Caroline yn har appartemint yn Den Haag", fertelt se. "Ik sei: dit is net bêst, moatst ris oplette wat der no gebeurt. It hie hiel oars oanpakt wurde moatten. It is sa'n ûnrjocht nei de boargers ta. Dêr komt dizze útslach ek troch: in bikkelhurde ôfrekkening fan it belied dat yn Den Haag fierd wurdt."
Dêr is polityk ferslachjouwer Onno Falkena it mei iens. "It binne net allinnich boeren dy't op BBB stimd ha, want safolle boeren ha we net. Sjoch op Flylân: dêr is BBB de grutste partij, mar dêr binne hielendal gjin boeren. Der binne ferskate groepen dy't wat yn de BBB sjogge."
Under oare yn de Stellingwerven skoarde de BBB goed:
Wolvegea stimde manmachtich op de BBB
De winst fan de BBB betsjut ek dat der ferliezers binne. Yn Fryslân binne dy ferliezers der oer de hiele liny: fan de PvdA (-1) en de ChristenUnie (-1) oant it CDA (-4) en Forum voor Democratie (-5).
Ek de VVD ferliest in sit, dy geane fan fjouwer nei trije. Deputearre Avine Fokkens wit net oft dat oan de VVD yn Fryslân leit. "Natuurlijk maken we in Fryslân ook onze fouten, maar hoe men in Den Haag met elkaar omgaat, is ook niet het meest fijne voorbeeld. Mensen zijn ontevreden, ze maken zich zorgen. Dat heeft zich vertaald bij deze verkiezingen."
Avine Fokkens op de ferkiezingsjûn mei PvdA-listlûker Edou Hamstra © Omrop Fryslân
Falkena seit dat de Fryske VVD it sels wol wat oankommen seach. "Yn de simmer fan ferline jier hat de Fryske ôfdieling al in pittige brief stjoerd nei de partijtop mei in warskôging: der moat wat feroarje, oars komt it net goed. Der hat in petear west mei ûnder oare Sophie Hermans, mar dat hat net ta in feroaring laat. En dy warskôging is no útkaam."
Neffens Fokkens soe it net gek wêze as it kabinet de stekker derút lûkt. "Het sentiment in het land is onderschat, dus de politiek in Den Haag moet goed in de spiegel kijken. Als het kabinet stoïcijns zo doorgaat, dan vind ik dat ze de kiezers niet serieus nemen."

Wiersma wol net foarútrinne op ûnderhannelingen

Yn Fryslân soe se graach oanskowe by in nij kolleezje. Mar de BBB mei dus it inisjatyf nimme. De partij sil freed in ferkenner of ynformateur beneame, dy't sjen moat watfoar mooglikheden der binne. Wiersma wol dêr net op foarútrinne.
"Ik ha der wol oer neitocht fansels en binnen de partij ha we wol ús ideeën. Mar wy binne in nije partij, we binne beskieden. Litte we dit proses hiel soarchfâldich dwaan. We wolle mei elkenien yn petear, we sitte konstruktyf yn de wedstriid."
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.