Reedrydtalint Tim Prins kiest foar Reggeborgh as nije ploech

Tim Prins © Orange Pictures
Tim Prins rydt it kommende seizoen yn it grien-swart fan Reggeborgh. De Jouster koe ek nei de ûntwikkelingsploech fan Jumbo-Visma en Team IKO.
De 19-jierrige sprinter is no junior ôf en mei dêrom de stap meitsje nei in kommersjele reedrydploech. De ôfrûne jierren ried Prins by it Gewest Fryslân. Dêr foel er op troch kreaze prestaasjes: sa waard er foarich jier wrâldkampioen by de junioaren op de 1.500 meter.

Jordan Stolz

Dit seizoen slagge dat net foar Prins, om't er syn meardere erkenne moast yn de Amerikaan Jordan Stolz. Wol helle Prins meardere yndividuele medaljes op it WK. Sa waard er twadde op de 1.000 meter, tredde op de 500 meter en helle er brûns yn it allround klassemint.
By Reggeborgh bliuwt Prins him talizzen op de 500, 1.000 en 1.500 meter. "Ik heb Reggeborgh altijd een supermooi team gevonden waar ik best wel tegenop keek. Het is een team met veel wereldtoppers en die wereldtop wil ik uiteindelijk ook graag bereiken", seit Prins yn in parseberjocht fan de reedrydploech.

Fjirde Fries

Prins wurdt de fjirde Fries yn de ploech fan coach Gerard van Velde. De oaren binne de sprintfroulju Femke Kok, Michelle de Jong en Marrit Fledderus, ek wol bekend as de trije musketiers.