Fan Holland's Got Talent oant DeLaMar: Rowan Veltman genietet fan de 'buzz'

Rowan Veltman klimt op it trepke nei boppen. De sjonger út Garyp smiet ûnder mear hege eagen by Holland's Got Talent. Sûnt dy tiid bart der in soad om him hinne. "Ik fyn it superleuk, dy 'buzz' dy't der ûntstiet."
It wie ferline jier doe't Rowan Veltman (18) de mikrofoan pakte by Holland's Got Talent. In prachtige ûnderfining, fûn er. Sa beleanne sjuerylid Edson da Graça syn optreden mei it yndrukken fan de gouden knop. De optredens wiene grutter, heftiger en mei mear show as dat er wend wie, fertelt er yn Noardewyn.
"It wie wol in bytsje spannend doe't ik sjonge moast. Mar gelokkich sieten der acht minsken yn it publyk, dy't spesjaal foar my meikaam wiene." Veltman trede op mei in diskonûmer en 'Myn Dream', syn selsskreaune nûmer dêr't er al earder de planken mei op gie.

De 'buzz'

Dat Veltman úteinlik net earste waard, deart him net. "Ik hie foar dy tiid al genôch fearren yn de kont krigen. Boppedat bringt it winnen ek in soad druk mei him mei fansels. En de ynteresse is ek wekker makke mei dit healefinaleplak. Doe't ik wekker waard, hie ik der ynienen mear as 190 folgers by en allegearre miste oproppen. Ik tocht 'wat is dit?!'."
En sa ûntstie de bekende 'buzz' om Veltman hinne; der waard oer him skreaun, sprutsen en oan syn mouwe lutsen. "Superleuk!"
Soms lei ik yn 'e winkel op 'e grûn. Om neat. Gewoan yn de hoop dat minsken my seagen.
Rowan Veltman
Want mei dy oandacht kin hy prima omgean. Sterker, hy is der eins wol in bytsje sljocht op, bekent er. "Eartiids al. Dan lei ik soms op 'e grûn yn 'e winkel. Om neat. Gewoan yn de hoop dat minsken my seagen. As dat barde, wie it klear."
Veltman seit nochal in enerzjyk persoan te wêzen. "Ik kin dreech stilsitte. Eartiids wie dat al sa. Ik hoech it fierder ek net te kanalisearjen, al dy enerzjy. Sa bin ik gewoan."

Winner Sjong

Doe't er op it Liudger siet, yn Burgum, sei in muzykdosint dat sjonge him wol wat foar Veltman like. En spesifiker: dat er meidwaan soe mei Sjong. Dat is in Frysk sjongevenemint foar jongerein yn it fuortset ûnderwiis. De dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand popnûmer.
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Yn 2019 stapte Veltman it poadium op en helle de finale. It smakke fuortendaliks nei mear, seit er. "Ik foel krekt bûten de top 3. En ik bin fanatyk, woe in kear winne. Dêrom die ik twa jier letter wer mei en wûn mei it nûmer 'Myn Dream'."
Tsjintwurdich wennet er yn Ljouwert, dêr't er de teäteroplieding docht. Hy siket út wat it bêste by him past: teäter, sjonge of miskien krekt in kombinaasje, lykas it spyljen yn musicals. Yn 'e tuskentiid pakt hy de mikrofoan op by ferskate gelegenheden. Bygelyks yn Amsterdam, yn DeLaMar.

Optrede yn 'e haadstêd

"Ik krige in DM op Instagram. Der waard my frege oft ik yn in neiprogramma optrede woe. Ik wie fuort ûnder de yndruk. It is dochs Amsterdam dêr't je optrede, en dan ek noch sa'n lokaasje." It ferrûn goed. "Minsken kamen gelokkich nei foaren ta, nettsjinsteande dat it haadprogramma dus klear wie."
"Ik begûn mei 'Myn Dream'. Dêr start ik graach mei. As dat goed giet, nettsjinsteande de spanning, dan tink ik, 'och, dan kin de rest der ek wol achteroan'", seit Veltman, dy't besiket him net oan te passen oan syn omjouwing, mar himsels te bliuwen.
Ik krige koartlyn te hearren dat minsken my leuk fine om wa't ik bin. Dat makke my emosjoneel.
Rowan Veltman
"Ik krige koartlyn te hearren dat minsken my leuk fine om wa't ik bin. Dat makke my emosjoneel. Want ik haw my eartiids altyd ôffrege oft ik wol aardich genôch wie foar de rest." Earder fielde de Veltman him wolris allinnich. Syn hûdskleur, mar foaral syn aard en identiteit spilen dêr in rol yn.
"Ik tocht dat as ik sizze soe wa't ik echt bin, dan kin ik better fuortendaliks fuortgean. Der wurdt my no ek noch wolris frege oft ik no in famke of in jonge bin. Dan sis ik, 'ik bin Rowan, dat is alles watst witte moatst'."

'Myn Dream fûn'

Veltman is wiis mei de saken dy't him no dwaande hâlde. Sa dûkt er njonken it sjongen ek de aktearwrâld yn. "Koartlyn die ik audysje by GTST. Dêr siet ik by de lêste seis fan de tritich. Goed foar it selsfertrouwen fansels. En op it stuit doch ik audysje by The Passion. Fingers crossed dus."
Dêrneist stiet er 31 maart op de middenstip fan sc Hearrenfean. Hy sjongt dan it Fryske folksliet by it skoft fan de fuotbalfroulju.
Allegearre beuzichheden dêr't de spotlights op him rjochte binne. "Ja, ik lis no eins wer op de grûn te rôljen. Mar dan yn in oare foarm", laket er. "Ik bin yn alle gefallen gelokkich mei wat ik no oan it dwaan bin. Ik ha Myn Dream fûn."

De top 4 fan Rowan Veltman

Artyst Nûmer
Rowan Veltman Myn Dream
Gloria Gaynor I Will Survive
Edsilia Rombley In Balans
Beyonce Cuff It