VVD-listlûker Fokkens ropt kabinet op: "Ik zou er consequenties aan verbinden"

VVD-listlûker Avine Fokkens fynt dat de posysje fan it kabinet net mear hâldber is. "Nu stoïcijns doordenderen lijkt mij niet goed", jout Fokkens oan nei it grutte ferkiezingsferlies.
De lanlike koälysjepartijen VVD, D66, CDA en CU hawwe allegearre te lijen fan flinke ferliezen. Fokkens har eigen VVD giet lanlik fan 12 nei 10 sitten.
"Als ik er zou zitten, zou ik het voor mezelf wel weten", seit Fokkens earlik. "Dan zou ik zeggen: dit voelt niet goed. Ik kan niet voor een ander spreken, maar als ik voor mezelf moest bepalen, zou ik daar wel consequenties aan verbinden."
Fokkens fynt dat it kabinet, ûnder lieding fan de VVD, te min sitten oerhâldt. "Ik zou het zelf niet goed vinden als Den Haag zou zeggen: we gaan gewoon door op de oude koers."
"Teken aan de wand"
Partijlieder Mark Rutte hat al wol oanjûn dat de ferkiezingen 'niet de winst die we wilden' brocht ha. Rutte joech lykwols oan net te tinken dat it gefolgen hawwe soe foar it bestjoeren fan it lân. "Ik denk dat het kabinet stabiel kan blijven de komende jaren, omdat het partijen zijn die ook verantwoordelijkheid willen nemen", sa sei hy.

Fokkens tinkt dêr dúdlik oars oer. "Zo'n aardverschuiving is wel een teken aan de wand. Het gaat om meer dan alleen stikstof, het is een grote onvrede. De kloof tussen Randstad en periferie wordt steeds groter, daar moeten we wel wat mee doen."
Frysk ferlies troch lanlik sentimint
Yn Fryslân giet de VVD fan 4 nei 3 sitten. It ferlies hat neffens Fokkens ek foar in grut part te krijen mei it lanlike VVD-ferhaal. "Mijn onderbuikgevoel zegt dat het wel degelijk te maken heeft met landelijk beleid."
As it kolleezje it eigen wurk net goed dien hie, soe it net mear as terjochte wêze dêrop ôfrekkene te wurden. Mar dat is neffens Fokkens hielendal net it gefal.
"Als ik over mijn eigen portefeuille spreek, de dingen die ik moest realiseren en gedaan heb, dan denk ik dat ik naar eer en geweten mijn werk gedaan heb voor Fryslân", seit Fokkens. "Of het dus te maken heeft met landelijk beleid? Ik denk van wel ja."

De Fryske listlûker is mei it each op it lanlike sentimint sels noch bliid dat VVD Fryslân it ferlies beheine koe ta ien sit. "Het had nog erger gekund."
VVD noch wol iepen foar koälysje
As de VVD mar twa sitten helle hie, hie Fokkens sawiesa net fan doel west om diel te nimmen oan in nij kolleezje. No hat de Fryske VVD trije sitten. "Met drie kun je nog meespreken", seit Fokkens resolút. Mar dy bal leit neffens har earst by de BBB.
In brekpunt foar de VVD bliuwt de Lelyline. "Dat is niet alleen persoonlijk, maar ook voor de VVD-fractie. Wij zullen niet in een coalitie stappen waar de Lelylijn eruit moet."