Kandidaat-deputearre Femke Wiersma (BBB) oer hoe't it no fierder moat

De fyftjin sitten dy't de BoerBurgerBeweging binnensleept hat, is in meunsteroerwinning foar de partij dy't nij de Provinsjale Steaten ynstoarmet. Kandidaat-deputearre Femke Wiersma hat grutte plannen foar Fryslân.
De oerwinning hat de partij neffens Wiersma te tankjen oan de ûnfrede dy't hearsket yn de mienskip. "Hiel protte ûnfrede", analysearret de kandidaat-deputearre de dei nei de grutte ferkiezingsjûn.
"Guon partijen skoffearje de kiezer gewoan, mei bygelyks in foaropset plan as 'de linkse wolk'. Wylst minsken just politisy wolle dy't sy op de eagen betrouwe kinne en dy't each hawwe foar de problemen dy't der binne yn de maatskippij."

De problemen hawwe foaral te krijen mei it hjoeddeiske stikstofbeleid, fynt de partij. "Der is te min omtinken foar ynnovaasje yn it reduksjebeleid. Wy moatte net de stikstofreduksje by ús itensprodusinten weihelje wolle."
Dêrneist is de partij fan doel mear útlis oer it beleid te jaan, omdat neffens Wiersma in hiel soad minsken net witte wat it no krekt ynhâldt. "Ek dat is in taak fan de polityk", seit Wiersma.
Koälysje foarmje
Achter de skermen is de BBB al dwaande mei in eventuele formaasje. De hjoeddeiske koälysje is harren mearderheid kwytrekke. "De útslach is wol sa dúdlik dat sy net mear om ús hinne kinne", seit Wiersma.
Hoe't de krekte koälysje derút sjen moat, is foar de partij no noch te betiid om sizze te kinnen. "Wy binne nij yn de Steaten, dus moatte net te foarbarich wêze, mar dreech sil it net wurde om in koälysje te foarmjen. Yn teory soe it al mei trije partijen kinne. Wy steane hiel konstruktyf yn de wedstriid."

It oandachtdossier om mei te nimmen yn de koälysjefoarming, is op 'e nij stikstof, fynt BBB: "Dêr sitte wy wat strakker yn, mar ik haw betrouwen dat dat goed komme sil. Wy kinne hiel goed útlizze dat it oars moat."
Provinsje of Den Haag?
Wiersma is kandidaat-deputearre, mar is ek lanlik ien fan de kopstikken fan de partij. Dochs wol sy har foar no fol foar de provinsje ynsette. "Je kinne it nea 100 prosint wis sizze hoe't it gean sil. It liket my fantastysk om oait yn Den Haag te sitten, mar ik wenje yn Holwert. Dat soe betsjutte dat ik ferhúzje moat en ik bin ek nochris in mem allinnich. As ik de provinsje yn gean, fyn ik dat in hiel ferantwurdlike taak en wol ik my der fol foar ynsette."
Wat Wiersma benammen dwaan wol as deputearre? "De noardlike regio sterk op de kaart sette. It omtinken foar de regio en foar de Rânestêd is behoarlik út ferhâlding. Yn dizze posysje kin ik dêr wat oan dwaan, ek om bygelyks mear omtinken te krijen foar de krimpregio's."
Rappe opkomst
De BBB is yn koarte tiid rap groeid. By oare partijen dy't soks meimakke ha is wol bard dat se dan útinoar falle. Tink oan Forum voor Democratie by de Steateferkiezingen fjouwer jier lyn.
Dêr is Wiersma net benaud foar. "Je witte noait hûndert prosint seker hoe't it rinne sil, mar ik tink dat der gjin partij is dy't dit sa goed taret hat as wy. Wy binne de dei nei de ferkiezingen twa jier lyn lyk begûn. Dus wy hawwe in hiel sterke basis."