NNO jout yn Burgum optreden foar Fryske asylsikers

© Noord Nederlands Orkest
It Noord Nederlands Orkest jout tongersdeitejûn yn Burgum in optreden foar asylsikers fan Fryske opfanglokaasjes. It NNO spilet yn alle trije noardlike provinsjes foar asylsikers en oare flechtlingen.
It NNO kaam sels mei it idee dat se foar flechtelingen optrede woene. Asylsikers hawwe meastentiids gjin finansjele earmslach om nei in konsert te gean.
Ferline jier wie it earste konsert yn de Drintske haadstêd Assen. Dat waard mei sa'n grut entûsjasme ûntfongen dat it orkest dêr in jier letter in ferfolch oan jaan woe, mar dan ek yn Fryslân en Grinslân.

Oekraïners

Nei Assen fynt it konsert fan tongersdei yn Burgum plak yn it tsjerklike gebou De Ikker. Njonken bewenners fan it azc yn Burgum binne Oekraïners ek útnûge. Fierders komme der bewenners fan azc's yn Ljouwert en Drachten. Minsken dy't yn de krisisneedopfang Kollum sitte, binne ek wolkom.

Wrâldwiid

It orkest bringt in programma mei in grutte fariaasje. De reaksjes binne entûsjast, fertelt Jolanda Bolt fan it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA), Se harkje net allinnich, mar litte ek minsken yn harren heitelân live meisjen. Dus it konsert wurdt wrâldwiid goed besjoen, seit Bolt.
Nei Burgum is der freed in optreden yn Zúidbroek yn Grinslân. Dan hat it orkest alle trije noardlike provinsjes hân.
Jolanda Bolt