Earste ljipaaien fûn yn Hearrenfean, Ljouwert, Opsterlân en Smellingerlân

Klaas Stapensea en Ewout Schröder fine it earste aai fan de gemeente Hearrenfean © BFVW
Klaas Stapensea fan Emmeloord en Ewout Schröder fan Jirnsum hawwe it earste ljipaai fan de gemeente Hearrenfean wûn.
It aai waard tusken Akkrum en Jirnsum oantroffen. Doe't se de earste kear by it nêst seagen, lei der noch gjin aai, mar efkes letter wie it wol raak. It aai wie sels noch waarm.
It is de sechstjinde kear dat Stapensea it earste ljipaai fan in gemeente fûn hat. Foar Schröder wie it de fjirde kear.
Hendrik de Boer en Wiebe Bonne Bijker jr. fûnen it earste ljipaai fan Ljouwert © BFVW
It earste ljipaai fan de gemeente Ljouwert is fûn troch Hendrik de Boer en Wiebe Bonne Bijker jr. De twa fûnen it aai yn in fjild yn de buert fan Grou.
It aai lei noch krekt binnen de gemeentegrinzen, dus it twatal hie gelok. De fynst is yntusken goedkard en dêrmei is it frije fjild yn de gemeente sletten.
Rinze van der Ploeg hat it earste ljipaai fan de gemeente Opsterlân fûn © BFVW
Yn de gemeente Opsterlân rûn de syktocht nei it earste ljipaai út op in wiere striid. Tongersdeitemiddei om 13.15 oere hinne kamen der trije meldingen út de gemeente binnen by de Bond Friese VogelWachten (BFVW).
Uteinlik die bliken dat Rinze van der Ploeg de earste wie. Op in perseel westlik fan De Tynje seach Van der Ploeg dat in seekob fuortjage waard. Dat soe wize op de oanwêzigens fan in ljipaai. Van der Ploeg makke in slach troch it lân en fûn in aai yn in nestke.

Ek Smellingerlân meldt earste ljipaai

Earder op de dei waard it earste ljipaai fan de gemeente Smellingerlân fûn troch Auke Tuinstra (26) uit Drachten. Hy ûntduts it aai om kertier oer sânen op in maisperseel lâns it Krûme Gat boppe Nij Beets.
Foar Tuinstra is it de fjirde kear dat hy it earste ljipaai fan Smellingerlân fynt. It frije fjild fan de gemeente is no sletten.
Auke Tuinstra fûn it ljipaai op in maisperseel © BFVW
Earder binne al de earste ljipaaien fan de gemeenten Súdwest-Fryslân, Noardeast-Fryslân, Skylge, Weststellingwerf, Skiermûntseach en Achtkarspelen fûn.
Snein waard it earste ljipaai fan Fryslân fûn en it earste ljipaai fan Nederlân waard de dei dêrfoar fûn yn Oerisel.