Sikehûs MCL staakt en Nij Smellinghe hâldt ludike aksjes foar in bettere cao

Spandoek yn sikehûs MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Op 64 plakken yn it lân lizze sikehûsmeiwurkers dizze tongersdei foar in part it wurk del. Fan de Fryske sikehûzen docht allinnich it MCL yn Ljouwert en Harns mei oan de lanlike staking. Nij Smellinghe yn Drachten hâldt ludike aksjes.
It sikehûspersoniel easket in heger lean, in legere wurkdruk en mear fleksibiliteit by it meitsjen fan de roasters. Meiwurkers fan sikehûs Nij Smellinghe slúte har oan by de aksjes, mar lizze it wurk net oan de kant. Yn stee dêrfan binne der tal fan oare inisjativen.

Te let

"Mede door de hoge werkdruk, zijn we te laat gestart met het actiecomité op te zetten", fertelt ferpleechkundige Martine Jansma fan it aksjekomitee. "Daardoor hebben we het draaiboek niet op tijd klaar kunnen krijgen om de deadline te behalen."
Aksje yn MCL © Omrop Fryslân
Plande ôfspraken en behannelingen geane gewoan troch yn Nij Smellinghe. Dochs sille de meiwurkers ferskate ludike aksjes dwaan, seit Jansma. "Om toch wel te laten zien dat wij de omliggende ziekenhuizen hierin steunen."
Aksje yn MCL © Omrop Fryslân
It personiel sil alle tiisdeis safolle mooglik yn swarte klean op it wurk komme, oant it cao-akkoart der is. "We zitten natuurlijk wel met de hygiëne van de verpleegkundigen. We moeten in het wit aan bed staan, maar we kunnen wel denken aan zwarte sokken over de broeken en als het mogelijk is zwarte hemdjes onder de uniformen."

Twa foar tolven

By de haadyngong en de yngong fan de polyklinyk wurdt tongersdei om twa minuten foar tolven in ludike aksje hâlden. "We hopen dat er veel personeel uit het ziekenhuis komt, om zoveel mogelijk lawaai te maken."
Jansma slút net út dat der dochs noch stakingen komme yn it Drachtster sikehûs. "Als ze niet met een goede cao komen, dan zullen we een goed draaiboek moeten opstellen en toch moeten gaan staken. We zitten tot aan het plafond en er moet nu echt wel actie ondernomen worden voor een goede cao met gunstige arbeidsvoorwaarden daarin."
It MCL draait op de aksjedei yn de sikehuzen in Ljouwert en Harns op ferskate ôfdielingen sneinstjinsten. Spoedsoarch giet wol troch. De sikehuzen Antonius yn Snits en Tjongerschans op It Hearrenfean dogge net mei oan de lanlike staking.