BBB ek de grutste by de wetterskipsferkiezingen: "We geane der plat foar"

Alice van Gosliga-Faber, listlûker BBB wetterskip © A3impressies
De BoerBurgerBeweging is ek de grutste partij wurden by de wetterskipsferkiezingen. De partij stiet foarearst op 6 oant 7 sitten. Nei BBB folgje Water Natuurlijk Fryslân, CDA, FNP en PvdA as grutste partijen.
Dykgraaf Luzette Kroon makke de útslach tongersdeitemoarn bekend yn it gebou fan Wetterskip Fryslân by in moarnsbrochje. De opkomst by de ferkiezingen foar it Wetterskip wie grut: 65 persint fan de minsken dy't stimme mochten hawwe dat ek dien. Fjouwer jier lyn wie dat 56 persint.
Blydskip by BBB © Omrop Fryslân, Sander van den Bogert
"We hiene dit net ferwachte. It is in moaie foarriedige útslach", seit Alice van Gosliga-Faber, listlûker fan BBB wetterskip. "We ha it mar oer ús hinne komme litten."

'Der plat foar'

"No is it tiid om oan de slach te gean. Wy geane der plat foar. Want we ha 16 moaie kandidaten mei in ferskaat oan ûnderfining", seit Gosliga-Faber, dy't tinkt te witten wêr't BBB de sitten wei hat. "De boarger siket wat oars. Wy moatte it âlde loslitte en foarútsjen. Mei in nochtere blik."
De útslach fan trije gemeenten is noch net bekend. It giet om de gemeenten Ljouwert, Smellingerlân en Weststellingwerf.