Finyl is 'booming', ek yn Fryslân: "Bern fan tolve keapje in plaat mei harren sparjild"

Fan Bruce Springsteen oant Harry Styles en Radiohead: se binne hast net mear oan te slepen. Lp's geane as waarme broadsjes oer de toanbank, fernimt ek Robert Amsterdam fan Vip Records yn Snits. "It is de feeling dy'tst dermei hast."
It docht bliken dat finylplaten hieltyd populêrder wurde. It ôfrûne jier is it merkoandiel wer omheechgien. Brânsferiening NVPI meldt dan ek dat de ferkeap fan de platen lanlik mar leafst 30 persint tanaam is, wêrmei't de trend fan de ôfrûne jierren trochset waard.

Finyl is net allinnich in sukses ûnder âlderen. Ek by de jongelju blykt it goed oan te slaan. "It sil dy fernuverje watfoar minsken hjir komme. Der binne ek wol bern fan tolve dy't mei harren sparjild noch in plaat keapje", seit Amsterdam. "It giet fan Kate Bush nei Fleetwood Mac. Dat is sa moai."
Swarte pankoek
Amsterdam nimt de tiid foar de jongeren dy't dochs net witte wat sokke platen binne, omdat se bygelyks allinnich mar nei Spotify harkje. "It is in grutte swarte pankoek dêr'tst in nuddel op setst en dan begjint er te spyljen."
Yn de winkel is de populariteit fan finyl goed te fernimmen. "Wy sitte hjir no 30 jier. De lêste 15 jier wurdt it echt drokker. It is gigantysk. We ferkeapje yntusken likefolle platen as cd's."
Drokte by finylparser
Der is ek besocht om kontakt te krijen mei finylparser Deepgrooves yn Ljouwert, mar dy kin fanwege de drokte de media net te wurd stean. It is ien fan de ferskate foarbylden fan drokte yn de platesektor.