Liveblog | 16 maart 2023

OERSJOCH: de dei nei de ferkiezingen, wêrmei't BBB út it neat de grutste waard

  • De BBB fan Abel Kooistra stiet op grutte winst yn Fryslân;
  • Provinciaal Belang en JA21 komme yn de Steaten mei ien sit;
  • CDA en FvD binne de grutte ferliezers fan de Steateferkiezingen;
  • Analisten binne it iens: de ferkiezingen fan 2023 binne no al 'histoarysk';
  • Alle útslaggen binne op dizze kaart te sjen.

Dit liveblog is er ook in het Nederlands.

Lêst bywurke: 16 maart 2023, 18:50
18:50

Ein fan de liveblog

Dêrmei binne wy oan de ein kaam fan dizze liveblog oer de dei nei de ferkiezingen. Fansels bliuwe wy dy op 'e hichte hâlden op ús webside en app, lyk as yn ús programma's op radio en telefyzje. Tank foar it folgjen!
18:46

Wiersma en Fokkens te gast yn Fryslân hjoed

Besjoch in wiidweidich petear mei Femke Wiersma (BBB), Avine Fokkens (VVD) en polityk ferslachjouwer Onno Falkena oer de ferkiezingsútslach:
Femke Wiersma (BBB) en Avine Fokkens (VVD) beprate de ferkiezingsútslach
18:42

Pine by it CDA

Ien fan de grutste ferliezers fan de Steateferkiezingen yn Fryslân is it CDA. De partij giet, op basis fan de foarriedige útslaggen, troch de helte: fan acht nei fjouwer sitten. Listlûker Friso Douwstra beklaget him oer de partijtop: dy hat neffens him net genôch harke nei wat der spilet.
"Mar de befolking hat sprutsen", jout er ek oan. "Wy moatte it hjir sels dwaan. De kiezer hat altyd gelyk."
Friso Douwstra (CDA) © Omrop Fryslân
17:02

BBB hat al in ferkenner: "Oan de BBBak"

BBB hat al in ferkenner op it each. De partij wol tongersdei of freed it proses opsette om ta in koälysje te kommen, makke listlûker Abel Kooistra bekend.
De partij hie der yn 't foar al oer neitocht. "Wy hawwe in namme op papier. Hooplik kinne wy dêr hjoed of moarn mear oer bekend meitsje", seit Kooistra. Kandidaat-deputearre Femke Wiersma ferklapte fierder dat it om in frou giet. BBB sil yn oerlis mei de griffy en yn petear mei oare partijen.
Abel Kooistra moarns, nei trije oerkes sliep © Omrop Fryslân
Kooistra sweeft noch hieltyd op in wolk. "Fryslân hat ús in soad betrouwen jûn. Wy moatte echt oan de bak. De BBBak", sa seit er. "Dy ferantwurdlikens is grutter wurden. Wy binne tankber foar de kiezers dy't op ús stimd hawwe. It is de heechste opkomst sûnt 1987, dus wy hawwe ek echt wol in mandaat krigen fan Fryslân."
17:02

PvdA jout noch gjin útslútsel oer fêsthâlden GrienLinks

Edou Hamstra hâldt it leafst GrienLinks fêst, mocht de PvdA útnûge wurde om te praten oer in nij kolleezje. "It moat wol linkser, fyn ik", seit Hamstra, dy't wol oanjout dat it earst oan BBB is. "Wy hawwe de winner no efkes te respektearjen."
Edou Hamstra (PvdA) © Omrop Fryslân
16:30

VVD-listlûker Fokkens ropt kabinet op: "Ik zou er consequenties aan verbinden"

VVD-listlûker Avine Fokkens fynt dat de posysje fan it kabinet net mear hâldber is. "Nu stoïcijns doordenderen lijkt mij niet goed", jout Fokkens oan nei it grutte ferkiezingsferlies.
"Als ik er zou zitten, zou ik het voor mezelf wel weten", seit Fokkens earlik. "Dan zou ik zeggen: dit voelt niet goed. Ik kan niet voor een ander spreken, maar als ik voor mezelf moest bepalen, zou ik daar wel consequenties aan verbinden."
Avine Fokkens (VVD) op de ferkiezingsjûn © Omrop Fryslân