Provinsje Fryslân: 'Ryk moat ûntheffing jaan om spoar Molkwar dassefrij te krijen'

In das © Shutterstock
It Ryk moat sa gau mooglik in ûntheffing jaan om de dassen yn it spoar by Molkwar derwei te krijen. Dan is der wer treinferkear mooglik.
In dasseboarch yn it spoar by Molkwar makket dat ProRail it net fertroud fynt dat der treinen ride tusken Warkum en Starum. De das is in beskerme diersoart. De opkearing kin wol oant juny duorje.
Ferantwurdlik deputearre Avine Fokkens seit dat de provinsje der net folle oan dwaan kin. It spoar falt ûnder ProRail en de provinsje hat inkeld mei Arriva te krijen. De provinsje jout de konsesje foar it iepenbier ferfier dat oan betingsten foldwaan moat. De tastimming fan de provinsje is ferliend oan de ferfierder dy't de treinen ride lit en dat is Arriva.
In das © Shutterstock
De provinsje kin Arriva dizze steuring net oanrekkenje, want it giet net om de treinen, mar om it spoar. En dat falt ûnder ProRail. Omdat dassen beskerme binne, moat It Ryk oan ProRail ûntheffing jaan om de bistjes te ferlieden in oar plak te sykjen. Dêr wurdt no nei sjoen. Der is oerlis.

Algemien belang

Oft it juny wurdt, is noch net wis, seit Fokkens. ProRail wist dat der dassen yn dy omkriten sieten, mar 'in akút dasseprobleem' kaam foar Fokkens as in ferrassing. Foar har waacht it algemien belang it swierst. Minsken moatte gebrûk meitsje kinne fan de trein, It Ryk moat dêr sa gau mooglik in passende oplossing foar fine, neffens de deputearre.
Der binne meardere ministearjes by belutsen. De deputearre lit har op de hichte hâlde oer de stân fan it oerlis. Se sit der boppe-op, want oant july duorret har fierstente lang. Salang't de treinen net ride, wurde der bussen ynset tusken Warkum en Starum.