It tellen fan stimmen giet op in nije wize: net eltsenien is like entûsjast

Klear om de stimmen te tellen © ANP
Der is dit jier in nije wize fan stimmen tellen dy't op in soad plakken brûkt wurdt. De CRAFT-telmetoade is krekter as oare metoaden, mar it is ek in soad ekstra wurk.
"It is eefkes wennen, mar it is in tige sekuere wize fan stimmen", seit de foarsitter fan it stimburo yn de Frjentsjerter Martinitsjerke. "It is ek effisjinter as de âlde wize. It giet yn in oare folchoarder. Begjinst mei twa steapels fan 'even' en 'oneven' biljetten. Dan wurdt it op partijen sortearre, en fierder. It giet stap foar stap."
Yn Frjentsjer fine se it machtich moai om oan de ferkiezings mei te wurkjen: "It is altyd spannend wat de útslach is. Dit is prachtich wurk. Do helpst sa de demokrasy."
Ferslachjouwer Onno Falkena oer it stimmen tellen
De telmetoade is makke troch it bedriuw CRAFT yn gearwurking mei stimburomeiwurkers dy't dit wurk al in skoft it dogge. Tellers wurkje yn it hiel proses mei it fjouwer-eagen-prinsipe. Meardere minsken sjogge nei in formulier, wêrtroch't fouten earder opmurken wurde. Ek binne der ferskate 'checks' op bygelyks blanko en net jildige stimmen.
De metoade ûnwikkelet him hieltyd fierder. Tellers jouwe opmerkings troch en dy wurde brûkt. By in proef fan in pear jier ferlyn die bliken dat minsken alerter en foutleazer wiene.
Mar se binne net oeral like bliid mei de metoade: "Dit is wat yngewikkeld foar in lyts buro", seit in lid fan it stimburo yn Penjum. "We moatte in folsleine strjitte meitsje. Der binne allegearre nije regels komme om te tellen. Dat sil wat langer duorje. Yn de stêd soe dat nei alle gedachten wol makliker gean. Mar goed, dan hawwe wy dat gleske wyn jûn wol fertsjinne."