Tresoar bewarret brief fan Albert Einstein yn argyf

Brief fan Einstein yn it argyf fan Tresoar © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Tresoar yn Ljouwert hat in brief fan Albert Einstein yn it argyf. De wrâldferneamde gelearde (1879-1955) krige in brief fan Willem Jan Mari van Eysinga mei it fersyk om wat te skriuwen oer de Nederlânske natuerkundige Hendrik Antoon Lorentz.
Einstein skreau op 30 novimber 1927 werom. Foar Tresoar-direkteur Arjen Dijkstra wie de bertedei fan Einstein juster de reden om it eigen argyf yn te dûken. "It argyf hat altyd in antwurd", seit Dijkstra.
"It binne eins twa brieven. It giet oer Lorentz, in hiel grutte gelearde. Der waard in portret fan him útjûn yn in tydskrift en redakteur Van Eysinga frege oan Einstein oft dy dêr in byskrift by skriuwe woe. Dat woe er wol en dêr giet dizze korrespondinsje oer."
Tresoar hat in bysûndere Einsteinbrief
Dat antwurd typte Einstein op syn eigen brievepapier, mar der sit ek in hânskreaune notysje by. "It binne de iennige brieven dy't we hawwe, foar safier't we witte. It is bysûnder, we sille it goed bewarje."
Hânskreaune PS fan Einstein © Omrop Fryslân, Ronnie Porte