Undersyk nei de ynfloed fan ljocht op fisken yn Roptasyl

Wat is de ynfloed fan ljocht op fisken? Dat besykje ûndersikers fan de Universiteit Leiden en hegeskoalle Van Hall Larenstein út te sykjen. By it gemaal fan Roptasyl dogge sy de kommende tiid in proef.
"Let op de kabels als je naar binnen loopt", seit studint Mike Laverbeek fan de Universiteit Leiden, wylst hy in blauwe kontener oan de râne fan it gemaal yn rint. Oan de ein fan de kontener stean twa plastic silinders. Oan de efterkant rint ien fan de kabels nei binnen ta. Dy follet de silinder mei wetter.
As dy fol is, wurde de fisken deryn set. Boppe de beide silinders hingje twa swarte lampen mei ledljochten derûnder. "Zo kunnen we een dagritme opzetten voor de vissen. Daardoor krijgen we een groep vissen die een dagritme heeft en een groep vissen die voornamelijk in de nacht leeft. Uiteindelijk hopen we de verschillen te kunnen zien."
Undersyk nei ljocht op fisken yn Roptasyl
It ûndersyk wurdt útfierd troch Danielle Crowley út Ingelân. "Wy ha in webcam ûnder de tunnels pleatst", seit Crowley. "Dêrtroch kinne wy monitoarje hoe't de fisken bewege. Wy hâlde op de kompjûter alles by en kinne dan sjen hokker resultaten derút komme. Hoe libbet de iene fisk yn it tsjuster en hoe docht de oare it mei in oar ritme?"
"Leefomgeving verbeteren"
Joop van Eerbeek fan Van Hall Larenstein docht ek mei oan it ûndersyk. "We weten van verschillende beesten hoe zij leven en wat voor invloed licht op hun bestaan heeft. Bij vissen hebben we echter geen idee en dus zou het mooi zijn om dat zo in kaart te brengen. Je kunt dan uiteindelijk misschien ook de leefomgeving verbeteren. Dat zijn echter nog verre stappen. Eerst dit onderzoek afwachten."
De resultaten fan it ûndersyk wurde oer trije jier ferwachte.