Skea troch snie en hurde wyn: oehoe's Aquazoo ferhúzje earder as pland nei oare bistetún

© ANP
De stoarm fan moandei en de snie fan it ôfrûne wykein hawwe foar skea soarge yn bistepark Aquazoo by Ljouwert. Troch de snie rekke de konstrukjes fan it ferbliuw fan de oehoe's ûntset en doe waaide der ek noch in beam op.
"Afgelopen weekeinde is er behoorlijk wat sneeuw gevallen. Zoveel dat een deel van de buitenconstructie van onze grote Aziatische volière ontzet bleek te zijn. Met de harde wind van maandag ging er ook nog een boom om, precies op onze uilenvolière. De boom bleek van binnen rot te zijn", seit Jeroen Loomeijer fan Aquazoo.
Jeroen Loomeijer fan Aquazoo (argyfbyld) © Omrop Fryslân
De fûgels binne net ferwûne rekke en se koene ek net ûntsnappe, mar de foliêre moat wol ôfbrutsen wurde. De rôffûgels sitte no tydlik yn it lytser ferbliuw, en sille yn de rin fan de wike definityf ferhúzje nei Dierenrijk yn Mierlo, by Eindhoven.
De ferhuzing soe al, mar it is no earder as de bedoeling wie. As de oehoe's fuort binne, kriget Aquazoo dêr oare rôffûgels foar werom, sa is it doel.

Jubileum

Aquazoo bestiet dit jier tweintich jier. Dêrfoar wie it otterpark Aqualutra. Fanwege it jubileum is der fan 1 april oant 18 juny in útstalling fan bisten makke fan boustientsjes. De bouwurken fan Ocean Bricks binne troch it hiele park te sjen. Sa is der ûnder oare in orka mei jong dy't goed 1100 kilogram waacht.
By de iepening kriget boargemaster Buma fan Ljouwert 250 tagongskaartsjes foar Aquazoo. Dy binne ornearre foar húshâldings dy't gjin jild hawwe foar in dei nei de bistetún. De priis foar in ticket is mei yngong fan 1 april 19,50 euro. Bern oant trije jier kinne der fergees yn.