Renovaasje op steapel by Cambuur, Hearrenfean ticht by behâlden Nunnely

Der liket in renovaasje oan te kommen by SC Cambuur. Leafst njoggentjin spilers hawwe in ôfrinnend kontrakt. By sc Hearrenfean giet it om njoggen fuotballers.
Fuotbalklups moatte de kontrakten fan spilers (mei in ôfrinnend kontrakt) foar 1 april formeel opsizze. As klups dat net dogge, kinne de spilers harren kontrakt noch opsizze foar 15 maaie. Bart dat net, dan wurdt it kontrakt automatysk mei in jier ferlinge tsjin deselde betingsten.
Dit binne de ôfrinnende kontrakten by sc Hearrenfean
Bysûnderheden: | |
Keepers: | |
Xavier Mous | |
Jan Bekkema | |
Ferdigeners: | |
Joost van Aken | |
Jeffrey Bruma | Sil Hearrenfean ferlitte |
Timo Zaal | Twa opsjes: of ferlinge en dan ferhiere of kontrakt opsizze |
Middenfjilders: | |
Rami Al Hajj | |
Oanfallers: | |
Antoine Colassin | Wurdt hierd fan Anderlecht en giet werom |
Sydney van Hooijdonk | Wurdt hierd fan Bologna en giet werom |
Ché Nunnely | Kontrakt wurdt ferlinge by it spyljen fan in x-oantal duels |
Technysk manager Ferry de Haan: "De jongens bij wie het contract al eens verlengd is, krijgen te horen dat hun contract wordt opgezegd. In ons geval geldt dat voor keeper Jan Bekkema, Joost van Aken en Rami Al Hajj. Maar daar hoef je nog geen conclusies aan te verbinden, we gaan op korte termijn met deze jongens in gesprek."
Ga er maar vanuit dat Ché hier volgend seizoen ook speelt
De transferfrije Ché Nunnely kaam nei lang blessuereleed yn de winterstop nei sc Hearrenfean. De oanfaller tekene in kontrakt foar in heal seizoen, mar wol mei de opsje om eventueel langer te bliuwen.
Ferry de Haan: "Ché wilde zich niet definitief vastleggen zonder te weten of hij hier enig perspectief heeft. Daarom hebben we de afspraak gemaakt dat bij een x-aantal wedstrijden zijn contract automatisch wordt verlengd."
De technysk manager fan de Feansters wol net sizze om hoefolle wedstriden oft it giet. Mar: "Daar zit hij al bijna op, dus kan je ervan uitgaan dat Ché hier volgend seizoen ook speelt."

Hearrenfean sil op koarte termyn om tafel mei Xavier Mous, Al Hajj en Van Aken. De kâns dat Jeffrey Bruma bliuwt, is lyts.
Ferry de Haan: "De insteek van de komst van Jeffrey was helder. Hij is gehaald als vervanger van de geblesseerde Sven van Beek. Financieel gezien is een langer verblijf ook niet haalbaar. Zo realistisch moet je zijn."
Sydney van Hooijdonk en Antoine Colassin binne hierd en geane nei dit seizoen werom nei har eigen klup. "Bij Antoine is er nog wel een koopoptie in zijn contract", seit De Haan. "Maar daar gaan we niet in mee."

De sitewaasje by SC Cambuur leit der oars by. Fiiftjin spilers hawwe in ôfrinnend kontrakt. Dêrneist binne der fjouwer hierlingen (João Virgínia, Felix Mambimbi, Mimoun Mahi en Remco Balk) dy't gewoanwei nei dit seizoen weromkeare nei harren klup.
Dat bringt it totaal op njoggentjin spilers dy't noch net witte wêr't se foar folgjend seizoen oan ta binne. Der leit in grutte opjefte foar Etiënne Reijnen, dy't nei dit seizoen begjint as technysk direkteur by de Ljouwerters.
Hy sil beslute moatte oer opsjes yn kontrakten fan ûnder oaren Maxim Gullit, Brett Minnema en Roberts Uldrikis. En oer oft de klup fierder wol mei spilers as Mitchel Paulissen, Robin Maulun en Doke Schmidt. Fan harren rinne de kontrakten ôf.
Richting de zomer neem ik geen enkele verantwoordelijkheid.
Om't Reijnen no noch assistint-trainer is by PEC Zwolle en noch net begûn is by Cambuur, wol er noch net prate oer syn wurksumheden yn Ljouwert.
De hjoeddeistige technysk manager, Foeke Booy, wol ek neat kwyt oer mei wa't de klup wol en net fierder wol. It kontrakt fan Booy wurdt net ferlinge, wêrtroch't hy gjin besluten mear nimt. "Richting de zomer neem ik geen enkele verantwoordelijkheid. Ik ga niet over mijn graf regeren."
Dit binne de ôfrinnende kontrakten by SC Cambuur
Bysûnderheden: | |
Keepers: | |
Robbin Ruiter | |
João Virgínia | Wurdt hierd fan Everton en giet werom |
Brett Minnema | Cambuur hat in opsje om te ferlingjen |
Ferdigeners: | |
Doke Schmidt | |
Sai van Wermeskerken | |
Maxim Gullit | Cambuur hat in opsje om te ferlingjen |
Calvin Mac-Intosch | |
Middenfjilders: | |
Ben Rienstra | |
Jamie Jacobs | Kontrakt wurdt mei ien jier ferlinge as Cambuur hanthavenet |
Mees Hoedemakers | Sil Cambuur ferlitte |
Robin Maulun | |
Navarone Foor | |
Mitchel Paulissen | |
Oanfallers: | |
Roberts Uldrikis | Cambuur hat in opsje om te ferlingjen |
Bjørn Johnsen | |
Mimoun Mahi | Wurdt hierd fan FC Utrecht en giet werom |
Remco Balk | Wurdt hierd fan FC Utrecht en giet werom |
Felix Mambimbi | Wurdt hierd fan Young Boys en giet werom |
David Sambissa | Sil Cambuur ferlitte |
Yn de syktocht nei ien dy't helderheid jaan kin oer de plannen fan Cambuur, komme we út by algemien direkteur Ard de Graaf. Technyske saken sitte net yn syn takepakket, mar: "Gerald van den Belt en ik zijn verantwoordelijk als directie, dus je mag van ons verwachten dat wij dat oppakken."
De Graaf wol net yngean op spilers dy't de klup behâlde wol. "We hebben die besluiten nog niet genomen, maar we zijn er wel over in gesprek. Dat zullen we eerst delen met betrokken mensen."
Dêrby krijt de direksje fan de klup wol help fan Reijnen, nettsjinsteande dat er no by PEC Zwolle wurket. "Op de achtergrond is Etiënne daar ook mee bezig", fertelt De Graaf.

By de spilers mei in ôfrinnend kontrakt sitte in soad dy't al jierren foar Cambuur spylje, sa as Mees Hoedemakers, Robin Maulun en Mitchel Paulissen. Fan Hoedemakers is al dúdlik dat hy fuortgiet nei dit seizoen.
Nei't de oerstap nei FC Utrecht ôfrûne simmer net trochgie, besleat Hoedemakers dat er kommende simmer gebrûk meitsje wol fan syn status as transferfrije spiler. Ek David Sambissa ferlit de klup nei dit seizoen. Trainer Sjors Ultee sjocht it net mei him sitten.
Fan de spilers mei in opsje yn it kontrakt leit it foech om dy te lichtsjen yn hast alle gefallen by de klup. Utsein by Jamie Jacobs. As Cambuur him hanthavenet yn de earedivyzje, wurdt syn kontrakt automatysk mei in jier ferlinge.
Der is ek in senario dat de ploech fan Ultee it net rêdt om yn de earedivyzje te bliuwen. Yn dat gefal sille der mooglik noch mear spilers fuortgean, om't se net yn de earste divyzje spylje wolle.
Wis is wol dat dêr yn de kontrakten fan spilers rekken mei hâlden is. Mocht de klup degradearje, dan sille salarissen fan spilers sakje fertelt De Graaf. "Als je dat bij een club als Cambuur niet opneemt in een contract, doe je dat niet goed. We houden met alle scenario's rekening."