Binnenfeartskip by Burgum ferliest stjoerhutte nei botsing mei brêge

In binnenfeartskip mei konteners is justerjûn by Burgum tsjin in brêge by de Burgumerdaam botst. Dêrby ferlear it in part fan de ferstelbere stjoerhutte.
It skip út Harderwijk botste tsjin in fêst diel fan de brêge en troch de klap waard ek de auto op it achterdek slim beskeadige, mar dy rekke net yn it wetter. Net ien rekke ferwûne.

Plysje en Rijkswaterstaat dogge ûndersyk. It dak fan de stjoerhutte leit oan de wâl en wurdt letter burgen. It skip leit by in jachtwerf fierderop.
Binnenfeartskip by Burgum ferliest stjoerhutte nei botsing mei brêge