Earste ljipaaien fan Skiermûntseach en Achtkarspelen fûn

Thom Vlasma fûn it earste aai fan Skiermûntseach © BFVW
Thom Vlasma hat it earste ljipaai fan de gemeente Skiermûntseach fûn. Vlasma seach woansdeitemiddei dat in ljip in swarte krie fuortjage. Hy makke dêrop in sykslach yn it fjild en kaam in twake tsjin.
Neffens de Bond Friese Vogelwachten (BFVW) giet it om aaien mei in opfallend ljochte kleur.
De aaien hienen in opfallende ljochte kleur © BFVW
Eardere op de dei waard yn Achtkarspelen ek it earste ljipaai fûn. Jan Nutma en Harry Wijbrands seagen it aai om 10 oere lizzen yn it fjild by Stynsgea.
Jan Nutma en Harry Wijbrands © BFVW
Earder al waarden de earste ljipaaien fan de gemeenten Súdwest-Fryslân, Noardeast-Fryslân, Skylge en Weststellingwerf fûn.
Snein waard it earste ljipaai fan Fryslân fûn en it earste ljipaai fan Nederlân waard de dei dêrfoar fûn yn Oerisel.