Oanjefte fan mooglik 'grensoverschrijdend gedrag' by Woodbrookers seponearre

Woodbrookers yn Koartehimmen © Omrop Fryslân
De oanjefte fan mooglik 'grensoverschrijdend gedrag' by behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen is seponearre. Undersyk hat gjin wetlik en oertsjûgjend bewiis opsmiten foar de fertinking.
Begjin novimber die Jeugdhulp Friesland oanjefte fan mooglik seksueel misbrûk en kriminele aktiviteiten dêr.
It ûndersyk rjochte him op it ferwyt dat it seksueel misbrûk west ha soe troch in froulik (no âld-) personielslid fan Woodbrookers en in minderjierrige kliïnt. De plysje die technysk digitaal ûndersyk en der binne meardere tsjûgen heard en ek de fertochte is heard.
De sinjalen oer kriminele aktiviteiten binnen Woodbrookers binne neffens it IM ûnfoldwaande om dêr strafrjochtlik ûndersyk nei op te starten.
Yn it behannelsintrum wurde sa'n fyftjin jongelju tusken de 12 en de 18 jier mei gedrach- en psychiatryske problemen opfongen.