Oprop Fryske kultuersektor: 'Geef cultuur jouw stem op 15 maart'

Tal fan Fryske kulturele ynstellingen en organisaasjes, lykas musea en festivals, roppe mei it boadskip 'Geef cultuur jouw stem op 15 maart' op om mei it stimmen hjoed rekken te hâlden mei de kultuersektor.
Ien fan de inisjatyfnimmers is it Oerolfestival op Skylge. In stimadvys wol direkteur Siart Smit it net neame, mar de ynstellingen freegje kiezers wol om goed nei te tinken as se it hokje read kleurje.
"Cultuur is weinig voorbij gekomen in de verkiezingsdebatten", seit Smit. It liket ûndersnijd te wêzen troch tema's lykas stikstof, de Lelyline en huzebou. "Terwijl kunst en cultuur een belangrijk deel van ons leven is, het geeft inspiratie en het is een plek waar mensen elkaar ontmoeten."

It jout romte om nei te tinken en dyn miening te foarmjen, neffens Smit. Krekt yn ditsoart drege debatten binne keunst en kultuer needsaaklik.
Besunigings
De provinsje hie earder oankundige om te besunigjen en no ha guon partijen oanjûn dat weromdraaie te wollen. Smit: "Je moet uiteraard zelf kijken welke partij bij je past."
By de oprop sitte tal fan organisaasjes lykas Afûk, Arcadia, Fries Film & Audio Archief, Keunstwurk, Tryater, debieb en Tresoar en festivals as Explore The North, Welcome to The Village en Fries Straatfestival. Ek musea lykas Fries Landbouwmuseum, Natuurmuseum Fryslân, Fries Scheepvaart Museum. Museum Drachten, Princessehof, Fries Museum en teäters as Theater de Koornbeurs, De Harmonie, De Lawei en Het Posthuis Theater.
De keunst, it lânskip en it publyk raze om in nij takomstperspektyf is it devys fan de sektor foar de ferkiezings. Op in soad plakken rint it fêst yn de maatskippij, seit Smit.
Krekt yn de keunst en de kultuer rinne in soad makkers foarop yn it oars ynrjochtsjen fan it libben en it oars oplossen fan problemen. Der is romte om dêroer nei te tinken en dat is de krêft fan keunst en kultuer. "Die plek heb je nodig in de samenleving."
Siart Smit fan Oerol