Skylge draacht Anco Goldhoorn foar as kandidaat-wethâlder

De gemeente Skylge hat in kandidaat foardroegen as tredde wethâlder. Anco Goldhoorn moat it kolleezje fan it eilân fersterkje. Syn oanstelling soe derfoar soargje moatte dat de rêst wat weromkomt yn it kolleezje en de gemeenteried.
Tiisdei lieten koälysjepartijen VVD en Pleatslik Belang witte dochs mei te wurkjen oan in bemiddelingsproses, dat alle partijen wer byinoar bringe moat. Dat útstel die kommissaris fan de Kening Arno Brok ferline wike yn in brief. Earder hienen de twa koälysjepartijen it fertrouwen yn boargemaster Caroline van de Pol opsein.
Goldhoorn wie earder fraksjefoarsitter foar Ronde Venen Belang yn de gemeente mei deselde namme. Syn opfolger Rene Bultena is no fraksjefoarsitter fan Pleatslik Belang op Skylge. Goldhoorn is foardroegen as wethâlder foar 0,2 fte en sil nei alle gedachten gean oer it sosjaal domein.