Jenny Vonk-van den Berg (80) fytste yn Afrika hiel hurd op 'e flecht foar in oaljefant

Jenny Vonk © Eigen foto
In echte avonturier, in keunstner en in kreativeling, sa neamt Jenny Vonk-van den Berg (80) harsels. Se wennet al 37 jier yn Frankryk, mar hat ek in hûs yn har berteplak Makkum.
Se fielt har Friezinne, mar ek Fransêze. "Je libje eins yn twa wrâlden. As ik yn Makkum bin, fiel ik my thús en yn Frankryk ek."
Jenny is al 54 jier mei har man Cees. Tegearre binne se yn Frankryk bedarre fanwegen it wurk fan Cees by in kompjûterbedriuw. "Hy wie altyd op reis en op in gegeven momint moast er faak nei de Côte d'Azur." Se gie in kear mei en fûn it der hiel noflik.
Yn Frankryk © Eigen foto
Mei harren twa dochters fan 7 en 11 jier ha se úteinlik de stap set, earst foar trije jier en dêrnei binne se definityf bleaun. "Dêr ha we eins noait spyt fan hân."
Se wenje yn in lyts doarp en ha in hûs dat tsjin in berch oan boud is. Doe't se it seach, rekke se fuort fereale. "Binnen twa wiken hiene we besletten, dat we it keapje soenen."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt har en hokker aventoeren meitsje se mei?
Jenny en Cees binne net altyd yn Frankryk of yn Fryslân. Se ha ek aardich wat oer de wrâld reizge, faak mei fytsfakânsje. Yn 2006 wienen se yn Afrika, 12.000 kilometer op de fyts fan Caïro nei Kaapstad yn fjouwer moannen tiid.
Dat ferrûn net altyd sûnder problemen. "Ik bin gek op oaljefanten. Mar doe't we in oaljefant achter ús oan hiene, haw ik wol hiel hurd fytst", laket se. "Ik wie net bang, mar it wie wol even skrikken."
Yn Afrika © Eigen foto
"Yn Sûdan fytsten we troch bergen sân, want der wie gjin asfaltdyk. Dat wie der allegear noch net. En yn Kenia grutte stiennen dêr'tst oerhinne fytstest. We hienen mountainbikes, dat skeelde wol. It wie fantastysk."
Fryslân mist se net sa bot. "We geane der geregeld hinne, dus dat falt wol ta." Vonk-van den Berg komt alle jierren mei de deadebetinking wer werom yn Fryslân. Har heit Tijmen van den Berg hat yn de Twadde Wrâldoarloch in fersetsheld west. Yn Makkum stiet in byld ta neitins fan him.

Werom nei Fryslân?

Soms tinkt se deroan om foar altyd werom te kommen. "We witte it eins net. We sizze wolris: miskien gean we oait ris nei Makkum ta, as we âlder wurde. Ja, safier binne we noch net."
Foarearst fermeitsje se harren noch prima yn Frankryk. "We ha hjir olivebeammen, ik ha grutte potten mei oliven. We ha ek wynranken. Cees makket ús eigen wyn. Wy ha hjir sa'n soad", beslút se.