De toan fan Froukje Sijtsma: "Kofjegrom sjen"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Hoe komt it hjoed mei de útslach fan de ferkiezingen fan Provinsjale Steaten en it Wetterskip? Undersyksburos hawwe der al ferskate peilingen oer dien, mar de praktyk leart dat it noch altyd kofjegrom sjen is.
As studint siet ik oait ris mei in freondinne by in Gryksk restaurant yn Grins. Nei de raki, moussaka en souvlaki bestelden we noch in bakje kofje. "Alstublieft mevrouw, gezet met liefde", sei de Grykske restauranthâlder. "Zal ik voor u ook nog even een kijkje in uw toekomst nemen?"
De toan fan Froukje Sijtsma
Doe't ik de kofje op hie, kaam de takomstfoarsizzer by ús oan it taffeltsje sitten. Op de boaiem fan myn wite kopke lei noch in laachje kofjedrab. De Gryk pakte myn kopke en observearre my nijsgjirrich. Mei draaiende bewegingen liet er it laachje focht útlekke op it pantsje. Oandachtich bestudearre hy de figuerkes dy't harren yn en om it kofjegrom hinne foarmen.
"Met het afronden van uw studie komt het wel goed, maar voor echte liefde moet u nog een beetje geduld hebben." It duorre jierren en jierren, mar de Gryk krige gelyk. De kreaze jongfeint fûn ik lang om let op De Jouwer. Al in goed jier drink ik kofje mei him. En ast dat earne yn de provinsje goed kinst, dan is dat fansels yn it doarp fan Douwe Egberts.
It praat by de kofje-automaat giet it hjoed grif oer de ferkiezings, en oer de takomst fan Fryslân. Ik stek myn hân der net foar yn it fjoer, mar ik haw noch wol wat grom yn myn B B Bakje kofje sitten. Neffens de lear fan de kafemanteia, it kofjediklêzen, is it belangryk om wurden en gefoelens op te skriuwen by de foarmen dy'tst yn de kofjedrab ûntdekst.
By it útlekken fan myn kopke op it pantsje barge ik wat. Sadwaande ûntduts ik op de bûtenkant fan myn kofjemok in wolf, dy't optein troch it Fryske lânskip rint. Mei in lege mage, mien ik te sjen troch de wite flek yn syn liif. Of kinst der ek in skiep yn lêze? In wolf yn skiepsklean miskien?
Yn de binnenkant fan it kopke sjoch ik twa ljochte bollingen. Dêrtusken komt it kofjegrom omheech. Binne we op de seedyk? En wurdt it gasfoarmige goud fan Ternaard dêr út de grûn helle?
As ik it kopke in kwart slach draai sjoch ik lytse eurotekens yn de kofjeresten, mar mei wat kreativiteit kinst der ek swarte roeken yn sjen, dy't fleane tusken de wjukken fan de wynmûnen yn de Iselmar. Der is noch genôch romte foar mear wynmûnen. De roeken fleane drok om de eurotekens hinne.
Dan draai ik it kopke noch in kwart slach en ik sjoch foaral in hiel soad prut. Ik krij der gjin goed gefoel by. Drûge grûn en keale greiden. En fleant dêr in flotte trein foarby de Tsjûkemar? Wat binne dy lytse swarte kofjepikjes? Aksjefierders dy't har stim hearre litte tsjin de Lelyline en it stikstofbelied?
Miskien moat ik mear bakjes kofje drinke om de keunst fan it kofjedik lêzen fierder ûnder de knibbel te krijen. Of miskien dochs dy stimwizer der noch efkes bypakke. Wat de útkomst fan de ferkiezings ek wurde meie, lit ús foaral net ferjitte om yn goed fatsoen mei elkoar kofje drinken te bliuwen foar in goed petear, yn plak fan kofjegrom en oare blabber oer en wer te smiten."