Middelbere skoalbern meitsje wurk dat taboes trochbrekt

Yn Ljouwert is in keunsteksposysje iepene dêr't allerhande taboes trochbrutsen wurde. It giet om in projekt fan meardere middelbere skoallen út Noard-Fryslân.
By de oankundiging fan de eksposysje yn dbieb yn Ljouwert waard fuortendalik al warskôge dat guon wurken miskien kontroversjeel wêze kinne. Dat komt fansels troch it ûnderwerp 'Taboe', mar ek om't de learlingen folsleine frijheid hiene. "Er is geen censuur toegepast", seit Folkert Bangma, fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de skoallen.
Dat koe ek net, want as je taboes trochbrekke wolle, moat alles mooglik wêze.
Knuffelbear
De taboes dy't de learlingen oppakke yn har keunst gean bygelyks oer it lichem, en hoe't minsken dêr tsjinoan sjogge. Mar ek oer ûnderbúkgefoelens, en sliepe mei in knuffelbear.

It projekt hat in grut ferskaat oan keunst opsmiten, fan in potleadtekening oant in grut byld fan in frou yn in kubus. Mar ek digitale keunst is ûnderdiel fan de tentoanstelling.
De eksposysje is de kommende wiken te sjen yn dbieb yn Ljouwert en is frij tagonklik.
Learlingen oer harren projekt Taboekeunst