Liveblog
|
15 maart
OERSJOCH: Yn de rige foar it stimburo | Sietske stimt mei in beheining | Jorren stimt foar it earst
- Fryslân kiest hjoed nije leden fan Provinsjale Steaten en it Wetterskipsbestjoer;
- Mear as in heal miljoen Friezen meie stimme;
- Fryske stimburo's binne hieltyd tagonkliker foar minsken mei in beheining;
- De stimbussen binne iepen oant 21:00 oere.
Dit liveblog is er ook in het Nederlands.
Lêst bywurke: 15 maart, 19:54
19:54
Ein fan dit liveblog
Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog.
De hiele jûn is it nijs oer de ferkiezingen te folgjen yn in spesjaal programma op radio en telefyzje: Fryslân Kiest.
Alle útslaggen, analyzes en it lêste ferkiezingsnijs is ek te folgjen yn in nij liveblog.
19:02
Lêste tariedingen Fryslân Kiest: útstjoering begjint om 20:00 oere
Op it provinsjehûs is Omrop Fryslân dwaande mei de lêste tariedingen foar Fryslân Kiest. Yn dat telefyzjeprogramma binne jûn alle útslaggen en analyzes te sjen.

It programma begjint om 20:00 oere en duorret de hiele jûn. It is net allinne te folgjen op telefyzje, mar ek op Omrop Fryslân radio en online.
18:24
Jorren (18) stimt foar it earst: "Dit is it momint"
Hy is noch gjin wike 18, en dus stimt er no foar it earst. Jorren Woertink fan Bûtenpost fynt dat "hartstikke belangrijk", seit er. "Dit is hét moment om je stem te laten horen."
Jongerein moatte har stim hearre litte, seit de kommissaris fan de Kening, Arno Brok. "It soe net bêst wêze as it grutste part fan de jongerein net komt te stimmen. Sy binne de takomst."
17:55
Rige stimmers by provinsjehûs
Mei noch trije oeren te gean is it by it stimburo yn it provinsjehûs yn Ljouwert sa drok, dat der in hiele rige minsken net nei binnen kin. Se steane bûten te wachtsjen oant se stimme kinne.

17:08
In oersjoch fan de ferkiezingsdei: "Lekkere dingen by de kofje"
De ferkiezingsdei begûn fannemoarn betiid, doe't de kommissaris fan de kening op Skylge by in stimburo's op besite kaam. Us ferslachjouwers makken in ympresje fan de dei.
"Se moatte it stimmen wer ferplicht stelle, krekt as eartiids"
15:28
Measte stimmers op Skiermûntseach (oant no ta)
Hieltyd mear minsken witte de stimbus te finen. Oant no ta liket de opkomst op de eilannen it heechst. Op Skiermûntseach hat de helte fan de minsken al stimd dy't hjoed nei de stimbus meie.
De stimbussen binne iepen oant 21:00 oere.
Dizze tabel wurdt oanfold as mear gemeenten de sifers trochjouwe.
Tuskentiidske opkomstsifers
Gemeente | Opkomstpersintaazje |
Achtkarspelen | 28% (15.00 oere) |
Dantumadiel | 25% (14.30 oere) |
De Fryske Marren | 30% (15.00 oere) |
Eaststellingwerf | 33% (15.00 oere) |
Flylân | 19% (11.00 oere) |
Harns | 30% (15.00 oere) |
Hearrenfean | 33% (16.00 oere) |
It Amelân | 38% (15.00 oere) |
Ljouwert | 31% (16.00 oere) |
Noardeast-Fryslân | 18% (14.30 oere) |
Opsterlân | 32% (15.00 oere) |
Skiermûntseach | 50% (15.00 oere) |
Skylge | 40% (15.00 oere) |
Smellingerlân | 29% (15.00 oere) |
Súdwest-Fryslân | 29% (14.30 oere) |
Tytsjerksteradiel | 32% (15.00 oere) |
Waadhoeke | 27% (14.45 oere) |
Weststellingwerf | 12% (11.00 oere) |