Dochs oerienstimming oer bydrage bedriuwen oan brede slûs Koarnwertersân

De slûs by Koarnwertersân © Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân en it bedriuwslibben binne it dochs noch iens wurden oan in bydrage fan 26,5 miljoen fan bedriuwen oan it ferbreedzjen fan de slûs fan Koarnwertersân.
Deputearre Avine Fokkens en de belutsen bedriuwen soene in pear wike lyn al in oerienkomst feestlik ûndertekenje. Dy byienkomst waard doe lykwols op it alderlêste momint skrast, omdat in oantal bedriuwen fan Urk it net iens wie mei it hegere taryf dat sy betelje moatte soene.
"Er was een kink in de kabel. Ik kon toen niet anders dan op de rem trappen, maar gelukkig is die kink in de kabel inmiddels opgelost", fertelt in ferromme deputearre Fokkens.

Bedriuwen hiene beswier

Mei it hegere taryf foar de brede slûs soe in beheind tal bedriuwen fan Urk folle mear betelje moatte as no. Dizze bedriuwen hawwe beswier oantekene. Nei petearen mei in bemiddeler en de gemeente Urk is dêr no in oplossing foar fûn.
"Er zijn kotters die eigenlijk te diep steken voor de huidige sluis, maar met hulpmiddelen als een luchtband en een bok de sluis toch kunnen passeren. Het gaat maar om een paar passages per jaar. Met hen is afgesproken dat ze hetzelfde blijven betalen, zolang de schepen niet breder en langer worden dan nu", leit Fokkens út.

200 miljoen euro

De deputearre kin goed libje mei dizze útûnderhannele formule. "Ik ben blij dat iedereen weer aan boord is. Als de andere bedrijven hiermee kunnen leven, en dat hebben ze gezegd, dan ga ik ook graag akkoord."
Fokkens stribbet der no nei om sa gau mooglik in nije byienkomst te organisearjen foar it ûndertekenjen fan de ôfspraak, by foarkar mei de Urkers der by.
De merkbydrage fan de bedriuwen is nedich om in gat dat der noch wie yn de begrutting fan de brede slûs fan Koarnwertersân te tichtsjen. De kosten fan in nije bredere slûs by Koarnwertersân wurde rûsd op 200 miljoen euro.
Deputearre Avine Fokkens oer de slús fan Koarnwertersân