De wetterskipsferkiezingen yn 5 fragen: alles op in rychje

Wetterskip Fryslân © ANP
Neist de Steateferkiezingen stimst woansdei ek foar it Wetterskip. Slacht de panyk by dy ta? Wês net benaud, wy sette de wichtichste saken koart foar dy op in rychje.

Wat is it Wetterskip?

In wetterskip hâldt him as oerheidsorganisaasje dwaande mei alles wat mei wetter te krijen hat. Fan it suverjen, oant de rol fan it wetter yn it bioferskaat, de lânbou en de rekreaasje.
Wetterskip Fryslân is ien fan de 21 wetterskippen yn ús lân. Hast alle Friezen stimme foar Wetterskip Fryslân, útsein in lyts part fan De Lemmer dat foar it wetterskip Zuiderzeeland stimt.

Hoe wurdt it Wetterskip bestjoerd?

It deistich bestjoer is te fergelykjen mei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn in gemeente. In wetterskip hat njonken in deistich bestjoer ek in algemien bestjoer. Dêryn sitte allerhanne fertsjintwurdigers, fergelykber mei in gemeenteried. Sy kontrolearje oft it deistich bestjoer it belied goed útfiert.
Wy kieze 15 maart 21 leden foar it algemien bestjoer. Mei noch fjouwer fêste sitten foar de natuer en de lânbou (dy't dus net mei ferkiezingen keazen wurde) binne der yn totaal 25 sitten yn it algemien bestjoer.
In gearkomste fan it Wetterskip © Ben de Jager, RTV NOF
By de foarige ferkiezingen waarden noch 18 bestjoersleden keazen, om't ek it bedriuwslibben noch fêste sitten hie. Mar dy sektor is de fêste sitten kwytrekke.

Op wa kin ik kieze?

Der binne dizze ferkiezingen 176 kandidaten, ferdield oer 11 partijen, dy't hoopje yn it algemien bestjoer te kommen. Der dogge bekende partijen mei dy't lanlik ek yn oare bestjoerslagen aktyf binne, mar ek partijen dy't allinne regionaal besteane of allinne oan de wetterskipsferkiezingen meidogge.
Wy fregen alle alve listlûkers wat har spearpunten binne, wêrom't wy op har stimme moatte, wêrom't de wetterskipsferkiezingen fan belang binne en watfoar partij it fierst by har ôf stiet. De listlûkers binne hjir op in rychje set, dan kinst se goed mei-inoar ferlykje.
Hast gjin tiid, fynst it yngewikkeld of komst der net goed út? Foar de Fryske wetterskipsferkiezingen is der ek in MijnStem-stimhelp. Wetterskip Fryslân hat dêrneist in gearfetting fan de ferkiezingsprogramma's makke.
Yn ús radioprogramma Buro de Vries kamen de listlûkers fan alle alve partijen oan it wurd. AWP, BVNL, PvdD, BBB, LLB en CU mochten har ferhaal yn reportaazjes dwaan. WN, FNP, CDA, VVD en PvdA wiene yn de útstjoering te gast om mei-inoar yn debat te gien. In gearfetting fan it debat is hjir nei te lêzen.

Wêrom moat ik stimme?

Dizze wetterskipsferkiezingen binne miskien wol de meast wichtichste ea. Troch it feroarjende klimaat is der bygelyks diskusje oer hoe heech it wetterpeil wêze moat. De provinsje wrakselet simmerdeis mei drûchte en winterdeis mei wetteroerlêst.
Moat de wetterkwaliteit oeral sa goed wêze dat je der swimme kinne? © ANP
In oar belangryk punt is de wetterkwaliteit, dy moat oer fjouwer jier oan Europeeske regels foldwaan, mar dat wurdt noch in poepetoer. De kwaliteit kin better, mar dat kostet wol jild. Wolst mear witte oer de wichtige tema's? Lês dan dit artikel.

Hoe giet it nei de ferkiezingen?

Nei de ferkiezingen foarmet in tal partijen in koälysje. Leden fan dy partijen komme dan ek yn it deistich bestjoer, mei in dykgraaf. De dykgraaf wurdt ek net keazen, mar foar in perioade fan seis jier oanwiisd. Yn Fryslân is Luzette Kroon op it stuit dykgraaf.
De ôfrûne fjouwer jier bestie it deistich bestjoer fan it Wetterskip út CDA, VVD, Lagere Lasten Burger en fertsjintwurdigers fan de fêste sitten. De koälysje hie in minimale mearderheid fan 13 fan de 25 sitten.

Alles op in rychje

Partij Ferkiezingsprogramma Listlûker
Algemene Waterschapspartij (AWP) Programma Peter Vonk (Warkum)
BoerBurgerBeweging (BBB) Programma Alice van Goslinga-Faber (Skettens)
Belang van Nederland (BVNL) Programma Nynke Koopmans (Tytsjerk)
CDA Programma Sjoerd Galema (Burchwert)
ChristenUnie (CU) Programma Egbert Berenst (Drachten)
FNP Programma Bert Vollema (Tsjom)
Lagere Lasten Burger Programma Otto van der Galiën (Ljouwert)
Partij van de Arbeid (PvdA) Programma Henk Mulder (Ljouwert)
Partij voor de Dieren Programma Ronnie Koop (Dokkum)
VVD Programma Ids de Groot (Waaksens)
Water Natuurlijk Programma Monique Plantinga (Aldeboarn)